Monthly Archives: desimber 2016

Leafdefol radioportret fan ‘the first cousin of English’ Frisian/Frysk troch ‘The World of Words’

frisian-top-1

It Ingelsk is de earste taal fan de wrâld wurden, mar hoe sit it mei it Frysk? Dizze tantesizzer fan it Ingelsk is der noch hieltiid en is dwaande mei in comeback, foar in part tanksij stipe fan de Europeeske Uny en de Nederlânske oerheid (ek al hat dy der net altyd nocht oan) foar Frysk op skoalle, Fryske media en Fryske kultuer.

De Friezen sels sille nei alle gedachten sizze dat har taal oerlibbe hat omdat de Friezen dat sels woene. Net-Friezen yn Nederlân beskôgje dit faak as koppichheid. Wat it ek is, minsken yn doarp troch hiel Fryslân hinne prate noch hieltiten Frysk. En jonge minsken skriuwe ek hieltiid mear Frysk, benammen op de social media.

En hoe sit it no mei dy relaasje mei it Ingelsk? Dêrfoar moatte je wol sa’n 1400 jier tebek nei de Kentyske wetten fan de âlde Ingelske kening Ethelbert….

Lês foaral fierder by PRI the World. Dêr is ek de podcast/radiodokumintêre fan taalsjoernalist Patrick Cox te beharkjen. Dy wurdt fan herte oanbefelle.

Dit berjocht is fuortendaliks it lêste fan it jier 2016. It EBLT winsket eltsenien – en foaral de leden fan alle oansletten organisaasjes en sprekkers fan alle minderheidstalen – goeie feestdagen en in poerbêst en meartalich 2017.

EBLT tekenet Protocol to Ensure Language Rights yn Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián 2016

undertekeners_protokol_op_poadium_dss2016Op it slotwykein fan Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián yn Baskelân waard it Protocol to ensure linguistic rights presintearre en ûndertekene troch fertsjintwurdigers fan taalminderheden út hiel Europa wei. It ‘Protokol’ is in ynvintariaasje fan mei-inoar sa’n 185 maatregels dy’t oerheden en sprekkers fan minderheden nimme kinne om in minderheidstaal gelikense kânsen en ûntwikkelingsmooglikheden te jaan as de grutte steatstalen. It protocol is in inisjatyf fan Kontseilua, de Baskyske koepel fan taalorganisaasjes en fan Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián. Fryslân wie by de ûndertekening fertsjintwurdige troch EBLT-foarsitter Froukje de Jong-Krap en troch Durk Gorter, lid fan de wittenskiplike advysried fan it protokol.

Yn in útferkochte Kursaal yn Donostia/San Sebastián waard it dokumint presintearre oan sa’n 600 belangstellenden út hiel Europa wei. It evenemint waard live útstjoerd op televyzje en ynternet troch de Baskyske omrop Euskal Telebista. Njonken sprekkers en hantekens wie der ek dûns en muzyk fan de ferneamde Baskyske txalaparta-band Oreka Tx. Lês mear…

Nedersaksisch: evaluaosie / rapportage deur Committee of Experts Raod van Europa

De ni’jste rapportage / evaluaosie van et Committee of Experts van de Raod van Europa is op 14 december jl. publiceerd op de webstee van de Raod van Europa en is wisse een degelik, uutvoerig en genuanceerd stok wodden. Et Kommetee schrift dat ze niet alle positieve punten numen zullen over et taelbeleid veur de regionaole taelen en minderhiedstaelen, mar wel de punten van zorg angeven zullen. Een goed ding is dat as Appendix II de reaktie van oonze Rieksoverhied opneumen is, in de persoon van minister Ronald Plasterk van Binnenlaanse Zaeken (zommer 2016).

Netuurlik signaleert et Kommetee alderhaande positief beleid en goeie aktiviteiten, uteraord zonder dat ze volledig perberen te wezen. Et Kommetee nuumt o.e. et gebruuk van et Grunnings en Drents op de regionaole radio en tillevisie, drie tiedschriften hielemaole of veur een pat in et Drents, et Drentse onderwiesprojekt van Stenden in Emmen, et gebruuk van de streektael op veul lekaole radiozenders, et Drents lietiesfestival, et gebruuk van Drents en Grunnings in de regionaole passe, en ok et promoten van Grunnings, Drents en Overiessel in de zorg – alhoewel de Raod van Europa ok berichten krigt dat passeniel deur et management instrukties geven wodt om de streektael niet te bruken.

Et Kommetee klaegt wel dat ze vanuut et Gelderlaand weinig info kregen hebben over de situaosie, mar ze verwaachten dat ok daor de steun veur et Nedersaksisch deurgaot.  Uut Stellingwarf weg nuumt et Kommetee o.e. et twiemaondelike tiedschrift ‘De Ovend’, de inzet van de Stellingwarver Schrieversronte veur et onderwies: et veurleesprojekt in et kader van de ukkespeulplakken, et vervlechten van et Stellingwarfs in projekten angaonde de regionaole kultuur (‘hiemkunde’) en de ontwikkeling van onderwiesmateriaol. Lês mear…

Tige kritysk rapport Ried fan Europa oer neilibjen Hânfêst Minderheidstalen troch lidsteat Nederlân

It haadkantoar fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

It haadkantoar fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

It fyfde rapport fan de Ried fan Europa oer it neilibjen fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen troch lidsteat Nederlân is tige kritysk fan toan. De Council of Europe yn Straatsburch is, om te begjinnen, tige ûntefreden oer de ynformaasje dy’t Nederlân oanlevere. Dy wie fierstente let – mear as in jier nei de deadline – en boppedat ek nochris ‘tige beheind’ as it giet om de oanlevere ynformaasje. Yn it troch Nederlân oanlevere steatsrapport stie nammentlik allinnich de fyzje fan de Ryksoerheid. Organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei minderheidstalen en sels in offisjeel advysorgaan as Dingtiid hiene gjin inkelde ynbring yn it rapport dat Nederlân ein ferline jier ynlevere by de Ried fan Europa.

It doel fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen – yn Nederlân fan krêft sûnt maart 1998 – is om Ryksoerheid en de erkende minderheden te stimulearjen om mei-inoar de erkende minderheidstalen sa effektyf mooglik te beskermjen en te promoatsjen. Dêrfoar is, om te begjinnen, soksawat nedich as in strukturele dialooch tusken Ryksoerheid en minderheden as Friezen, Nedersaksen en Limburgers. De Ried fan Europa frege Nederlân yn har foarige rapport yn 2012 al om wurk te meitsjen fan sa’n dialooch, mar kin no oars net as konklúdearje dat dêr neat fan op de hispel kaam is.

It komitee fan ministers fan de Ried fan Europa formulearre op woansdei 14 desimber de folgjende oanrikkemendaasjes oan lidsteat Nederlân:
1.) Meitsje in gearhingjend belied foar de ymplemintaasje fan it Hânfêst yn gearwurking mei de sprekkers fan de minderheidstalen.
2.) Soargje der foar dat de feroaringen yn de media net liede ta minder oanbod yn regionale en minderheidstalen
3.) Fersterkje it ûnderwiis yn it Frysk op alle ûnderwiistypes, sadat de Friezen har eigen taal goed lêze en skriuwe kinne
4.) Jou it Limburchsk en it Nedersaksysk de status fan in gewoan skoalfak en soargje foar in grutter ûnderwiisoanbod yn dy talen.
5.) Nim ek maatregelen foar de beskerming en de promoasje fan it Romanes en Yiddysk.
Lês mear…

Bûsboekje oanmoedigingspriis foar streektaal yn film foar “út ‘e Grûn”

getfileattachment_resizedDe oanmoedigingspriis (250 euro) fan it Bûsboekje foar in dielnimmer oan it Ljouwerter “The 48 Hour Film Project Leeuwarden 2016” dy’t it measte docht mei it Frysk of oare streektaal, is útrikt oan it filmkollektyf “Melkbaard” foar har produksje “út ‘e Grûn”.

It tema fan it Bûsboekje 2017 is ‘FILM YN FRYSLAN’. De redaksje fan it Bûsboekje wol mei dizze aksje stimulearje dat jonge filmmakkers ûntdekke datst yn in lytse taal ek hiele moaie en suksesfolle films meitsje kinst.

Ut ‘e Grûn is te sjen op YouTube.:

Fan Melkbaard krige it Bûsboekje de folgjende reaksje: “Tige grutsk binne wy mei de priis foar de meast kreative bydrage yn it Frysk. Wy woene graach it filmke yn it Frysk meitsje omdat it fan de measten yn ús team de memmetaal is. De taal stiet ticht by ús wat ek helpt by it aktearjen. Hooplik sille der kommend jier mear ynstjoeringen yn’t Frysk wêze foar 48HFP! Tige by tige.

It Bûsboekje 2017 (edysje 42) leit te keap yn boekhannels rûnom yn ‘e provinsje.

 Scroll to top