De Fryske Akademy organisearret dit jier foar de tweintichste kear it Frysk Filologekongres, yn Ljouwert op woansdei 10, tongersdei 11 en freed 12 desimber. It kongres wol in poadium wêze foar it wittenskiplik debat oangeande de frisistyk yn ‘e breedste sin. De fiertalen binne: Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.
Programma en gearfettingen
De opset fan it kongres is dat der elke dei út ein set wurdt mei in plenêre lêzing. Dêrnei binne der parallelsesjes. Op ‘e tongersdei is der in jûnssesje oer Underwiis. It kongres is rjochte op ‘e neifolgjende ûndersyksmêden: Aldfrysk, Taalkunde, Letterkunde, Leksikografy, Taalsosjology, Skiednis fan Fryslân/Kultuerstúdzje. It ûndersyksfjild is it Frysk, mei ynbegryp fan de dialekten dy’t yn Fryslân foarkomme, yn al syn fazen en it Frysk yn Dútslân (Noard- en East-Fryslân).
Klik hjir foar it programma fan it kongres (Frysk/Ingelsk).
Lokaasje
It kongres wurdt holden yn Grand-Café Restaurant De Koperen Tuin, Prinsentuin 1, yn Ljouwert.
Kosten
De kongreskosten binne € 100,- foar it hiele kongres of € 40,- foar ien kongresdei (ynkl. kongresdokumintaasje, kofje/tee en lunch). Lêzinghâlders binne frij fan kongreskosten foar de dei dat se har lêzing hâlde. Studinten ha fergees tagong ta it kongres. Op woansdei 10 desimber is der in kongresdiner; de kosten dêrfan binne € 30,-.
Oanmelde
Oanmeldings kinne nei Janneke Spoelstra: jspoelstra@fryske-akademy.nl, dêrby graach oanjaan hokker dei/dagen oft jo komme wolle, oft jo meidogge oan it diner en oft jo yn oanmerking komme wolle foar koarting (studinten en lêzinghâlders).
Ynljochtings
Foar ynljochtings kinne jo terjochte by Janneke Spoelstra, e-mail: jspoelstra@fryske-akademy.nl, tel. (058) 233 69 15 of Eric Hoekstra, e-mail: ehoekstra@fryske-akademy.nl, tel. (058) 234 30 38.
De kongreskommisje:
dr. Hanno Brand (foarsitter),
dr. Eric Hoekstra,
drs. Cor van der Meer en
Janneke Spoelstra MA (skriuwer).
Boarne: Fryske Akademy