Tryater

Oostersingel 70
8921 GB Ljouwert
T: (058) 288 23 35
E: ynfo@tryater.nl

W: www.tryater.nl


Tryater is it meast alsidige teater fan Fryslân én it âldste teaterselskip fan Nederlân. Wy bringe eigensinnich en eigentiidsk teater oeral yn Fryslân en dêrbûten. Op mear as 60 ferskillende plakken; yn teatersealen, doarpshuzen, gymsealen, op skoallen en op bysûndere lokaasjes.

Wy spylje sa’n 500 foarstellingen yn it jier foar sa’n 50.000 taskôgers. Ek organisearje wy geregeld ferdjippingsprogramma’s om ús foarstellingen hinne en workshops en rûnliedingen.

Tryater Jong en Edukaasje
Ek foar bern en jongeren meitsje wy oansprekkende teaterfoarstellingen en organisearje wy ynteraktive workshops foar it basis- en fuortset ûnderwiis.

Satelliten
Om it teaterklimaat yn Fryslân te fersterkjen, stypje wy in oantal jonge teaterselskippen – ús “satelliten” – mei ús ekspertize, romte en materiaal.