26 septimber: Start kampanje Minority SafePack Initiative

Minderheden meitsje Europa riker!Minority safepack

Yn de Europeeske Uny binne der sa’n 50 miljoen minsken dy’t ta in minderheid hearre. Om harren te beskermjen en te stypjen is it Minority SafePack Initiative ta stân kaam. It Minority SafePack is in boargerinisjatyf nei de EU ta, útgeande fan de taalminderheidsorganisaasje FUEN (Federal Union of European Nationalities) en 7 Europeeske politisy. Ien fan de yntsjinners fan it Minority SafePack Initiative wie Jannewietske de Vries, doedestiids deputearre fan Fryslân.

It motto fan de EU is “in varietate concordia”- yn ferskaat ferbûn. It inisjatyf wol de EU oantrúnje om dit motto nei te stribjen, en har ferantwurding te nimmen foar har minderheden oer. Dat kin ôftwongen wurde mei in Europeesk boargerinisjatyf.

It inisjatyf moat sa folle mooglik ûndertekeners hawwe om jildich wêze te kinnen. It hat op syn minst ien miljoen hantekens nedich. Yn Nederlân leit de drompel op 19.500.

De kampanje begjint op tiisdei 26 septimber, sawol yn Brussel as yn Ljouwert. Yn Brussel sil it folsleine kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân it inisjatyf om 12.00 oere ûndertekenje yn ‘Het Huis der Nederlandse Provinciën’. Yn Ljouwert begjint op datselde stuit in grutte manifestaasje as start foar it sammeljen fan safolle mooglik hantekeningen fan boargers.

Op dizze 26ste septimber, de Europeeske Taledei, organisearret it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn gearwurking mei de FUEN, de Ried fan de Fryske Beweging en it Mercator Kennissintrum, in bysûnder begjin fan de kampanje om it Minority SafePack-inisjatyf yn Nederlân hinne. Op 26 septimber is it ek Fryske Twitterdei en International Social Media Day for Small Languages. Leafst 16 Europeeske regio’s mei in lytse taal dogge hjir oan mei. Dy sosjale media sil de ûntjouwings om it Minority Safepack Initiative op ’e foet folgje. Twitterje yn jo eigen minderheidstaal, of folgje #EDL2017.

It evenemint wurdt holden by Tresoar yn Ljouwert op 26 septimber fan 12.00 oant 13.30 oere, mei tal fan sprekkers en in muzikaal optreden fan de Biltske sjonger Hein Jaap Hilarides. By Tresoar is gelegenheid om it inisjatyf te tekenjen. (https://ec.europa.eu/citizens-initiative/32/public/#/)

Wêr:                              Gysbert Japicxseal, Tresoar, Ljouwert

Wannear:                      26/9/2017, 12.00 – 13.30 (ynrin fan 11.45 oere ôf).  Tagong fergees

Mear ynformaasje:      www.minority-safepack.eu

Programma:

11:45         Ynrin + Muzyk Hein Jaap Hilarides

12:00         Wolkom

                  Mooglik ferbining mei Brussel

                  Pitch #1 Siart Smit

                  Pitch #2 Pier Bergsma

                  Muzyk

                  Pitch #3 Henk Bloemhoff

                  Pitch #4 Cor van der Meer

                  Muzyk

                  Pitch #5 Nina Peckelsen

                  Pitch #6 Froukje de Jong-Krap

                  Pitch #7 Ira Judkovskaja

                  Pitch #8 Mirjam Vellinga

13:15         Presintaasje Minority SafePack Initiative en mooglikheid foar it publyk

                  om it inisjatyf te ûndertekenjen

                  Muzyk

13.30         Ofsluting

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *