45e Fryske Bûsboekje mei poëzy oer “tiid”

It nije Fryske Bûsboekje (2020) leit yn ‘e winkels! Dit jier is it tema: “tiid. In moai tema foar in boekje dat jo it hiele jier troch yn de bûse hawwe. In feilich plak yn dizze digitale tiden en mei ynternet dat net mear sa feilich is.  Direkte oanlieding foar it tema is de aktuele diskusje oer simmer- en wintertiid dy’t it kommende jier trochgiet. Wêr kieze wy foar: simmertiid of wintertiid? Wurdt 2020 it lêste jier dat wy twaris de klok fersette?

It tema ‘tiid’ lient him foar poëzy. Yn it nije Bûsboekje stiet dêrom it gedicht “Ferskining fan maityd” fan Janneke Spoelstra. De Bûsboekjeredaksje organisearret diskear ek in poëzykriich. Dichters (yn spee) wurde fan herte útnûge om in gedicht te skriuwen. Dat mei yn it Frysk of yn ien fan de oare streektalen dy’t yn Fryslân praten wurde. It mei fansels oer tiid gean, mar wy litte jim frij.

Dit is it fiifentjirtichste Bûsboekje. In lustrum! Dêrom sille wy it nije Bûsboekje feestlik presintearje op moandei 26 augustus fan 17-19 oere by klokkemakker Tjitte Talsma, Rhaladyk 17 krekt bûten Aldtsjerk (https://www.tjittetalsma.nl). Dan sil Janneke Spoelstra foardrage en sil de poëzykriich offisjeel fan start gean. Der sil muzyk wêze fan it duo Paul en Gjalt. Tjitte Talsma sil fertelle oer syn wurk. Yn 2020 sit er 35 jier yn it fak!

Fiifenfjirtich jier. Sûnt 1975 hawwe frijwilligers alle jierren der foar soarge dat Friezen en net-Friezen yn it Frysk harren ôfspraken en kontakten fêstlizze kinne. De earste edysje fan it Bûsboekje is dy fan 1976. Yn it begjin wie it Kristlik Frysk Selskip (KFS) de útjouwer, tsjinwurdich is dat de Ried fan ‘e Fryske Beweging.  Fan it Bûsboekje 2019 binne der wer 3400 stiks ferkocht. Sûnt de start binne der neffens ús berekkeningen sawat 218.000 Bûsboekjes ferkocht. Dêrmei is it Bûsboekje it bêst ferkochte Fryske boek.

De ôfrûne dagen is it Bûsboekje 2020 troch ús frijwilligers alwer rûnom yn Fryslân ferspraat. It Bûsboekje is op guon plakken ek bûten Fryslân te keap. Fia ús webstek kin ek besteld wurde.

Sjoch ek: www.bûsboekje.frl  en op Twitter: @Frysk_Busboekje

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *