It reizgjende ynternasjonale Tosta-festival sil fan 1 o/m 4 septimber Dokkum oandwaan en diel útmeitsje fan de Admiraliteitsdagen. Tosta is in inisjatyf fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en wurdt organisearre troch 7 minderheidstaleregio’s: Baskelân, Galisië, Wales, Ierlân, Cornwall, Skotlân en Fryslân. Foar Fryslân is de Afûk de organisearjende partij. “Alle regio’s lizze oan de kust en hawwe in sterke maritime tradysje. It lei dus ek tige foar de hân om in ferbining te lizzen mei de Admiraliteitsdagen”, fertelt Mirjam Vellinga fan de Afûk.
Op it festival binne der optredens te sjen fan de Tosta-band, in band besteande út leden út de ferskate regio’s, en de Baskyske band Oreka TX. Der binne ek keunstwurken te bewûnderjen fan 7 keunstners út de ferskillende regio’s dy’t meidien hawwe oan in útwikselingsprojekt fan Tosta. Neist de ynternasjonale komponint is der binnen it Tosta-festival ek folop romte foar eigen aktiviteiten en regionaal talint. “In poadium biede foar regionaal talint stie al in skoft op ús winskelistke”, seit Jan Michiel van der Gang, foarsitter fan de Admiraliteitsdagen. “No kinne wy dêr mei-inoar in goede ynfolling oan jaan. It mes snijt dus oan twa kanten.” Vellinga heakket dêr oan ta dat it Tosta-festival foar de Afûk ek in moaie opmaat is nei Kulturele Haadstêd 2018 en de plannen dy’t se hawwe foar it grutte evenemint ‘Lân fan Taal’. Vellinga: “Moaier kin hast net!”
De Admiraliteitsdagen binne yn in pear jier tiid útgroeid ta in evenemint dêr’t tsientûzenen minsken foar nei Dokkum komme. De Admiraliteitsdagen wurde alle jierren yn it earste wykein fan septimber hâlden en steane bol fan de (maritime) aktiviteiten. Bysûnder binne de konserten by it ferneamde kearpunt fan de Alvestêdetocht op freed 2 en sneon 3 septimber. De histoaryske binnenstêd is op dy jûnen it dekôr dêr’t topartysten optrede op in driuwend poadium tusken tal fan autentike skippen.
It Tosta-festival hat foar’t it yn Dokkum komt Ierlân, Cornwall, Wales en Skotlân al oandien en reizget nei Fryslân troch nei Galisië en Baskelân.
Boarne: Afûk