De memmetaaldei fan de Feriene Naasjes krijt dit jier yn Fryslân it karakter fan in aksjedei foar it Europeeske boargerinisjatyf Minority SafePack MSPI. It doel fan it MSPI is om de Europeeske Uny der ta oan te setten om tenei net allinnich de earste steatstalen mar alle talen en alle minderheidstalen fan de Europeeske Uny aktyf te stypjen en aktyf te befoarderjen. Sa’n tsien persint fan alle Europeanen praat thús ín minderheidstaal.
De Europeeske Uny is ferplichte om mei it boargerinisjatyf oan de slach te gean as der ien miljoen hantekens ophelle binne. Dy doelstelling like earst fier fuort, mar is no helber. Op dit stuit hawwe al mear as 900.000 Europeanen har hanteken ûnder it MSPI set, wêrfan in grut part op papier. It is dêrom belangryk en ek sinfol om foar 4 april 2018 in hanteken te setten; dat kin likegoed digitaal as op papier.
In grut ferskaat oan organisaasjes jout dit jier omtinken oan ´e memmetaaldei en de hantekeninge-aksje. Dat binne ûnder oare EBLT, Ried fan de Fryske Beweging, Omrop Fryslân, Provinsje Fryslân, Fryske Akademy. Afûk, Tresoar, NHL/Stenden, Cedin, SFBO, ’Lan fan taal’ en it netwurk fan trijetalige skoallen. Op Omrop Fryslân binne de hele wike spotsjes te sjen en te hearren mei in oprop om je hanteken te setten ûnder it Minority SafePack Initiative.
Om it setten fan in hanteken noch makliker te meitsjen wurdt op 21 febrewaris op in pear plakken in stimburo ynrjochte. Dat is yn alle gefallen it gefal yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. Elts kin dêr gewoan ynrinne fan 09.00 oant 17.00 oere. Ek Obe, it haadkantoar fan ‘Lân fan taal’, is in hantekeningeburo fan 10.00 oant 18.00 oere, en ek op trijetalige basisskoalle ‘De Pôlle’ yn Marsum kin tekene wurde tusken 09.00 en 12.00. It Cedin hat fierder ek alle oare basisskoallen frege om de hantekenaksje foar it MSPI te stypjen.
Op Omrop Fryslân binne de hele wike spotsjes te hearren en te sjen dy’t oproppe om it MSPI te ûndertekenjen. Ek yn it gefal dat de MSPI de ien miljoen hantekens al binnen hat bliuwt it tige sinfol om te tekenjen, want de Europeeske Uny hat ek in drompel fêststeld foar eltse lidsteat, dy’t op syn minst yn sân lidsteaten helle wurde moat. Yn Nederlân leit dy drompel op 19.500 hantekens. Dat oantal is der op dit stuit noch net. It soe hiel moai wêze as dat oantal nei ferrin fan tiid dochs helle wurde kin.
De aksjes bliuwe seker net ta Fryslân beheind. Op 15 febrewaris wie der op inisjatyf fan Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik in politike jûn oer it Twints yn Beckum. Ek dêr wie wiidweidich omtinken foar it MSPI. It Minority Safepack Initiative waard dy jûn ûnder oare ûndertekene troch de Oeriselske deputearre Hester Maij, dy’t dêrmei it foarbyld fan har kollega’s út Fryslân en Drinte folge.
Yn de moanne maart wurdt op ferskate plakken yn Nedersaksysk Nederlân tradisjoneel de streektaalmoanne fierd. Ek dat biedt mooglikheden om it Minority SafePack Initiative ûnder de oandacht te bringen.
It EBLT organisearret tradisjoneel ek in bysûndere filmfoarstelling op Memmetaaldei. Dy foarstelling is dit jier lykwols net op 21 febrewaris, mar op snein 25 febrewaris by Slieker Film yn Ljouwert. It EBLT fertoant dy dei twaris de Slowaakse Roma-film Cigán, foarôfgien troch in koarte film fan Malta mei Fryske ûndertitels.