Audio-opnames Operaesje Fers online

Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers wer online. It opnij beskikber stellen fan dizze ferneamde dichterskolleksje wurdt op de lanlike Gedichtedei (tongersdei 26 jannewaris) feestlik fierd yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.

dichters

Meindert Bylsma, ien fan de trije dichters dy’t yn 1968 it inisjatyf namen ta Operaesje Fers, sil ynterviewd wurde en guon gedichten út dy tiid foardrage. Willem Abma is der ek en sil ynterviewd wurde. Fan him sitte der mear as hûndert gedichten yn de kolleksje fan Operaesje FersFierders treedt in jonge garde dichters op, oansletten by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden. Ilse Vos, Marije de Lange en Preston Losack drage gedichten foar dy’t passe by de sfear dy’t de oprjochters fan Operaesje Fers foar eagen hiene: poëzy op fernijende wize ûnder de minsken bringe.

Operaasje Fers

In tillefoannûmer draaie en dan in gedicht hearre. It wie jierrenlang hiel populêr. Operaesje Fers waard ynternasjonaal nijs doe’t in groepke Fryske dichters der yn 1968 mei begûn. It wie de earste dichterstillefoan op ‘e wrâld. Tsjintwurdich ha wy Google, YouTube, Spotify en sosjale media. Mar doe koest 058-131313 draaie en dan heardest in gedicht, alle wiken in nijenien. Operaesje Fers hat 25 jier bestien, fan 1968 oant 1994. Op de dichterstillefoan hawwe mear as 2000 gedichten te belústerjen west: 1100 Fryske, 800 Nederlânske en sa’n 100 yn oare talen. Oprjochters fan Operaesje Fers wiene Josse de Haan, Meindert Bylsma en Geart van der Zwaag; de geastlike heit wie Feyo Schelto Sixma van Heemstra.

opnames

It Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) hat alle orizjinele opnames fan Operaesje Fers dy’t by Tresoar yn depot lizze, op ‘e nij digitalisearre en pleatst yn syn online katalogus op archieven.nl. It giet om mear as 2700 gedichten. Folle mear dus as de krekt neamde 2000. Dat komt omdat net alle opnommen gedichten op de dichterstillefoan útstjoerd waarden. Boppedat gie lûdstechnikus Hein van der Vliet by dichterseveneminten yn en bûten Fryslân del en sammele hy op dy wize withoefolle gedichten. 

In soad opnames fan Operaesje Fers waarden troch Tresoar yn 2005 al online pleatst. In pear jier lyn waard dy webside út de loft helle omdat er slim ferâldere wie. De útwreide kolleksje stiet no op archieven.nl, dêr’t alle digitale byld- en lûdkolleksjes fan it FFAA beskikber binne. In seleksje fan 100 gedichten út Operaesje Fers is fan 26 jannewaris ôf ek op it soundcloudkanaal fan it FFAA te beharkjen.

harkje

Yn Kafee De Gouden Leeuw by Tresoar kinst fan 26 jannewaris ôf in seleksje út de Operaesje Fers-gedichten op ludike wize beharkje.

Beharkje hjir it radiopetear dat de AVRO yn 1968 mei oprjochter Josse de Haan hie.
Besjoch hjir de kolleksje fan Operaesje Fers op archieven.nl – de audiobestannen binne fan 26 jannewaris ôf beskikber.

Lansearring Operaesje Fers

Datum: 26 jannewaris 2023
Tiid: 16.00-18.00 oere
Plak: Tresoar, Kafee De Gouden Leeuw
Mear ynformaasje

Yn ferbân mei it beheinde tal sitplakken yn kafee De Gouden Leeuw is reservearje ferplichte. Kinst dy hjir oanmelde

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *