Oprop oan skriuwers: wa wol yn de Skriuwersarke?

Yn 2026 sil de Skriuwersarke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea.

Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en oare persoanlike kosten, is it ferbliuw yn de Skriuwersarke fergees. De skriuwer tekenet in hierkontrakt mei It Fryske Gea, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). 

Oars as oare jierren is de arke no ek beskikber yn ’e maitiid en by ’t hjerst en by ’t winter. Skriuwers kinne har opjaan foar ien wike yn ’t jier. Der is yn 2026 maksimaal plak foar 15 skriuwers.

De arke is beskikber yn de neikommende perioaden:

  • 1 febrewaris – 24 april 2026
  • 20 july – 7 augustus 2026
  • 19 oktober- 31 desimber 2026

Eardere ûnderfiningen

Remco Kuiper siet fiif kear yn de Skriuwersarke. Lês syn ûnderfiningen. 

Karen Bies siet yn 2024 yn de Skriuwersarke. Lês har ûnderfiningen.

Opjefte

Belangstellenden kinne har oant 1 jannewaris 2026 skriftlik oppenearje by Antje Postma, skriuwersarke@flmd.frl. Dêrby moat neist de wike dy’t de foarkar hat, ek oanjûn wurde wat de skriuwer fan doel is te dwaan. As de Skriuwersarke al fersein is yn de periode fan de foarkar, dan wurdt kontakt opnaam om te besjen wat de fierdere mooglikheden binne. 

In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar watfoar skriuwers fan de arke gebrûk meitsje kinne.

Bildtse-Kultuurpriis 2025 toekind an Gerard Marcel de Jong

De Bildtse-Kultuurpriis 2025 is toekind an Gerard Marcel de Jong foor syn groate inset foor de Bildtse taal en kultuur. De Jong waar fanôf ’t jaar 2000 rúm 21 jaar hoofdredakteur fan de Bildtse Post, skreef de eerste Bildtse roman “Blau fan dagen, griis fan onrust” wermet hij landlike andacht kreeg en in 2024 de Rink van der Veldepriis won. Dernaast is hij taalkoördinator foor de gemeente Waddenhoek, bestuurslid bij de stichting “Nederlandse Dialecten” en foorsitter bij ’t “Europeesk Buro foar Lytse Talen.”

Foto deur: Natalia Balanina

Deur syn kollums bij ônder ândere de Luwter Krant sorgt hij d’rfoor dat de Bildtse taal ok bútten ’t Bildt te lezen is. De Jong is anjager fan ferskaidne projekten die’t de sichtberens fan ’t Bildts befordere.

“Gerard weet met syn Bildtse teksten en gedichten soawel in woord as skrift ’n prot mînsen te boeien en is dermet een fan de groatste taalpromoaters die’t ’t Bildt(s) op dut stoit het”

“Gerard weet met syn Bildtse teksten en gedichten soawel in woord as skrift ’n prot mînsen te boeien en is dermet een fan de groatste taalpromoaters die’t ’t Bildt(s) op dut stoit het” aldus de sjury. De oorkonde en de sjek ter waarde fan 500,- euro sille later dut jaar offisjeel utraikt worre an de winner.

Fan 1987 of wort jaarliks de Bildtse-Kultuurpriis útraikt an ’n persoan of groep die’t him of hur op ’n besondere menier inset foor de kultuur op ’t Bildt. De sjury bestaat út fijf leden werfan twee bestuursleden fan Stichting Bildts Aigene, de sjuryleden hewwe allegaar wat met Kultuur, ’t Bildt en de Bildtse taal.

Brieven fan Nynke fan Hichtum en Piter Jelles Troelstra jouwe in oandwaanlik ynsjoch yn har húshâlding

School zonder tranen – Brieven van de familie Troelstra aan Paul Geheeb, 1904-1906 is gearstald troch Sieger Vreeling, dy’t yn 2024 en 2025 as Fellow fan Tresoar ûndersyk die nei Nynke fan Hichtum.

Yn syn ûndersyk lies Vreeling de brieven dy’t Sjoukje Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) en Piter Jelles Troelstra skreaunen oan de Dútske pedagooch Paul Geheeb, direkteur fan de foarútstribjende kostskoalle yn Haubinda dêr’t harren soan Jelle twa jier ferbleau.

‘Dy earme jonge,’ tocht Vreeling geregeld by it lêzen. ‘Dan bist in jier as trettjin en sitst op in jongeskostskoalle yn Dútslân. Fier fan hûs, kenst de taal net…’

De brieven jouwe in oangripend byld fan harren opfiedingsidealen, harren soargen op harren soan Jelle en de maatskiplike ideeën fan har tiid. Se litte sjen hoe’t Nynke har soan mist, mar ek hoe’t se har twivels, sûnens, houlik en idealen mei in soad iepenheid bepraat. De korrespondinsje lit sa net allinnich in kwetsbere mem sjen, mar ek in frou mei sterke oertsjûgingen oer opfieding en minsklikens.

Vreeling foarsjocht de brieven fan taljochting en histoaryske kontekst, en ûndersocht de persoanen, plakken en ideeën dy’t deryn foarkomme. Sa ûntstiet in ynkringend portret fan in húshâlding tusken idealen en werklikheid – én in weardefolle nije blik op twa bekende Friezen.

School zonder tranen ferskynt by Uitgeverij Verloren en is fan 7 novimber ôf te krijen by de boekhannel.

Lês hjir in ynterview mei de skriuwer.

Frysk filmfûns ynvestearret yn 11 nije filmprojekten

Mei grutskens kundiget it Frysk Film Fûns oan dat der alve nije filmprojekten selektearre binne foar stipe. Ut trettjin ynstjoeringen is in krêftige miks keazen fan koarte fiksje, dokumintêres en ûntwikkelprojekten – allegearre bewoartele yn taal, lânskip en it unike Fryske perspektyf.

De projekten ûntfange mei-inoar € 180.000 oan stipe, wêrmei’t hast € 400.000 oan filmproduksjes (Fryslân spend) yn de provinsje generearre wurdt. Dy ynvestearring fersterket net allinnich de regionale filmsektor, mar ek de bredere ekonomy: fan crews en studios oant hoareka, lokaasjes en taleveransiers.

Kategory: ûntwikkeling

  • De draden van Wies
    • Regie: Johanneke Dijkstra
    • Scenarist: Johanneke Dijkstra
    • Producent: Marleen Godlieb, Stichting Beeldlijn
    • Toegekend bedrag: €8.512
    • De ontwikkeling van de bijna tachtigjarige textielkunstenares Wies Noest liep gelijk op met het steeds onafhankelijker worden van de vrouw. Ze bevrijdde textiel uit een keurslijf, en daarmee ook zichzelf. Nu wil ze haar laatste statement maken.
  • Oan ‘e line
    • Regie: Rutger Veenstra
    • Scenarist: Rutger Veenstra
    • Producent: Bart Dokter
    • Productiehuis: Vitruvian man Films
    • Toegekend bedrag: €22.250
    • Op haar werk wordt een fabrieksarbeidster mikpunt van sadistische treiterijen en moet vechten om zichzelf staande te houden terwijl ze uit de verlammende greep van haar duistere demoon probeert te ontsnappen.

  • Laagland
    • Regie: Bauke Brouwer
    • Scenarist: Robin van Ommen
    • Producent: Noortje Wilschut, Family Affair Films
    • Toegekend bedrag: €20.000
    • Na een Friese watersnoodramp wordt jonge vader Jeroen samen met zijn zoontje geëvacueerd naar een chaotische noodopvang in Leeuwarden. Terwijl hij wacht op nieuws over zijn vermiste vrouw, brokkelt zijn zelfbeeld langzaam af en ontdekt hij wat het betekent om in eigen land ontheemd te zijn.

Kategory: Production incentive

  • Reiderland
    • Regie: Thomas en Henk Hiensch
    • Scenarist: Thomas en Henk Hiensch
    • Producent: Thomas en Henk Hiensch
    • Toegekend bedrag: €10.000
    • Avontuur bestaat nog steeds
  • Straffe Saken
    • Regie: Wilfried Bijma, Jelmar Hoekstra
    • Scenarist: Wilfried Bijma
    • Producent: Playback Images B.V.
    • Toegekend bedrag: €20.000
    • In de driedelige documentaire ‘Straffe Saken’ onthult de Blokhuispoort – eeuwenlang de beruchte gevangenis van Leeuwarden – zijn meest opzienbarende strafzaken, van middeleeuwse terechtstellingen tot ontsnappingen en moorden die Nederland schokten, en legt zo een confronterende link tussen misdaad en strafrecht van toen en nu.

Kategory: Koart

  • Fjouwerensechstich
    • Regie: Mirjam de With
    • Scenarist: Annick & Barbara de Wolf
    • Producent: Noortje Wilschut
    • Productiehuis: Family Affair Films
    • Toegekend bedrag: €30.000
    • In een toekomst waar iedereen op zijn 64e verplicht moet sterven, ontdekt Els de voordelen van de naderende dood van haar man Herman, juist wanneer Herman terugkrabbelt en weigert zijn kist in te stappen.
  • Leap
    • Regie: Cristobal de Alba
    • Scenarist: Cristóbal de Alba / Inez Dijkstra / Inge Feenstra
    • Producent: Carla Wolbers, Stichting FilmCollectief Groningen
    • Toegekend bedrag: €20.000
    • In the quest to find his own path, torn between honoring his father’s legacy and becoming a father himself, a fierljepper veteran pushes his limits to make a daring comeback and become champion in the unique Frisian Championship.
  • Fort Europa
    • Regie: Leon Golterman
    • Scenarist: Leon Golterman
    • Producent: Charlotte Spronk, Feather films
    • Toegekend bedrag: €10.000
    • Fort Europa is een absurdistische comedy / satire over de Afrikaanse bootvluchteling Samuel. Wanneer hij na een lange zwerftocht eindelijk aankomt in het veilige Europa, krijgt hij te maken met push-backs door de lokale kustwacht, vijandige dorpelingen en onbuigzame bureaucraten die hem terug willen sturen naar “de regio”. Zal het Samuel lukken om een veilige haven te vinden in “Fort Europa”?
  • Knyft
    • Regie: Jan Pieter Tuinstra
    • Scenarist: Jan Pieter Tuinstra
    • Producent: Jan Pieter Tuinstra
    • Toegekend bedrag: €12.000
    • In een persoonlijke vertelling portretteert de maker het (innerlijke-)landschap uit zijn jeugd, de Friese Wouden, waarbij het versleten zakmes van zijn grootvader het vertrekpunt is van een associatieve gedachtestroom.
  • Skaad
    • Regie: Bart Harder
    • Scenarist: Bart Harder
    • Producent: Karim Hamad / Videovrouwers
    • Toegekend bedrag: €5.000
    • Wanneer Sherida na haar verhuizing naar een Fries dorp wordt achtervolgd door een demonisch wezen, moet ze haar diepste angst overwinnen om te overleven.

  • Posters
    • Regie: Max Lunter
    • Scenarist: Max Lunter & Wessel de Vries
    • Producent: Marrit Greidanus, Makaki productions
    • Genre: Coming of age, romantisch drama
    • Toegekend bedrag: €25.000
    • Anne en Julius vinden elkaar en raken elkaar weer kwijt, maar wat blijft zullen ze altijd bij zich dragen.

nije omgong yn 2026

  • 1 maart opent het aanvraagformulier.
  • 1 mei 2026 sluit de volgende ronde.
  • Bekendmaking half juni.

Kijk op www.FryskFilmFûns.nl voor de regelingen

Undersyk nei non-binêre foarnamwurden yn de Fryske taal

Taalwittenskippers fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utrecht binne yn oparbeidzjen mei Regenboogalliantie Fryslân en COC Friesland úteinset mei in taalkundich ûndersyk nei non-binêre foarnamwurden yn de Fryske taal.

De measte minsken sille der net by stilstean. Bist in jonge of man, dan heart dêr it foarnamwurd ‘hy’ by. Bist in famke of frou, dan heart dêr ‘sy’ by. Itselde foar ‘him’ en ‘har’, en besitlik ‘syn’ en ‘har’. Mar wat ast min of mear tusken dy kategoryen yn falst? Ast it net plezierich fynst dat se mei ‘hy’ nei dy ferwize, of datst dy net noflik fielst by ‘har’? Of ast gewoan net de klam op it manlike of froulike lizze wolst? 

It is wilens tsien jier lyn dat yn Sweden neist de besteande foarnamwurden foar manlju ‘han’ en foar froulju ‘hon’, it neutrale ‘hen’ offisjeel yn gebrûk naam waard. Yn it Nederlânsk binne ûnderwilens ‘hen’ en ‘die’ as non-binêre foarnamwurden al aardich ynboargere. Yn it Ingelsk wurde ‘they’ en ‘them’ brûkt, ast net ‘he’ of ‘she’, ‘him’ of ‘her’ brûke wolst.  

Hoe sit dat yn de Fryske taal? Dy fraach is al in oantal kearen oan de Fryske Akademy steld. Dêrom hat de Fryske Akademy no in enkête opsteld oer it brûken fan non-binêre foarnamwurden yn it Frysk, om te sjen wat der yn Fryslân bart op dit mêd. Watfoar opsjes binne der? 

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is csm_2025_news_nonbiner_f7812921cf.webp

Fryske Akademy

De Fryske Akademy docht al sûnt 1938 ûndersyk nei de Fryske taal. Us wittenskippers bestudearje de fariaasje yn it Frysk fan hjoed-de-dei en fan it ferline. Wy sjogge ûnder oaren nei hoe’t de taal de rin fan de iuwen feroare is yn in hieltyd gruttere meartalige kontekst, en hoe’t dy op dit stuit oan it feroarjen is yn lytsere mienskippen. Want it binne de brûkers fan in taal dy’t dy taal meitsje en fernije.

Meidwaan

Dit ûndersyk wurdt dien yn oparbeidzjen mei Regenboogalliantie Fryslân en COC Friesland. Meidwaan? Folje hjir de enkête yn.

Earder is al in ynventarisaasje dien fan de non-binêre foarmen dy’t yn it Frysk op skrift brûkt binne sûnt 2015. De enkête dy’t no útset wurdt, is in ferfolch dêrop. Mei it ûndersyk wol de Fryske Akademy yn kaart bringe hokker foarnamwurden non-binêre minsken yn de Fryske taal brûke of harren noflik by fiele. Mei de Regenboogalliantie Fryslân en COC Friesland sille de resultaten evaluearre wurde. 

Kom frijdeg 21 novimber na de Bildtse ‘Ferhale-avend’ in ‘e Westhoek

Dut jaar hout Bildts Aigene op 21 novimber de provinsjale ferhale-avend. Op deuze avend sille echte Bilkerts prachtige streekferhalen hore late. Dus kom na de Waddenherberg The Friezinn fan 20.30 ôf (inloop: 20.00 uur).

Metlústere is fergeefs en foor deuze avend graag anmelde fia thefriezinn.nl/contact, want fol=fol

Geniet fan inspirerende, tragise en persoanlike ferhalen die’t deuze landstreek ant leven bringe sille. ’t Jaarthema: Doe’t ik dapper waar.

Jan Syds Jensma (survivallklup De Wadlopers), Janny Bouma (Zwarte Cross), Piet Hoekstra (boer/kweker), Dieuwke Sinnema (útfaartbegelaidster), Geert Boersma (oud-plisyman) en Rick de Vries (sanger) gaan hur ferhalen fertellen.

Meer over de fertellers:

  • Jan Syds Jensma
    • ‘Survivalklup.’
    • Jan Syds fertelt over netuurlike hindernissen angaan.
  • Janny Bouma
    • ‘Zwarte Cross.’
    • Janny nimt dij met in hur optredens.
  • Piet Hoekstra
    • ‘Dik Trom-splitorten.’
    • Piet sait: “Wat je niet gedaan krije, motte je sels doen!”
  • Dieuwke Sinnema
    • ‘’t Kin maar een keer goed.’
    • Dieuwke is útfaartbegelaidster en fertelt over hur besondere werk.
  • Geert Boersma
    • ‘Plisywerk.’
    • Geert is oud-plisyman en fertelt fol passy over syn froegere werk.
  • Rick de Vries
    • Rick is passioneerd sanger en fertelt ôns over syn poadiumerfarings. Meskien speult hij nag wel ’n stikky…

Wij steke de houtkachel an, klede de herberg sfeerfol an en make d’r ’n onfergeetlike avend fan!
Waddenherberg The Friezinn: Ouwe-Dyk 1226 Westhoek.

Linda de Haan nije Berneboeke-ambassadeur

Linda de Haan wurdt takom jier de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Mei yngong fan jannewaris 2026 sil De Haan trije jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de eardere Berneboeke-ambassadeurs Lida Dykstra en Tialda Hoogeveen op.

Linda de Haan: “Dit ambassadeurskip fielt as in fanselssprekkende stap en komt op in prachtich momint yn myn karriêre. Alles wat ik de ôfrûne jierren sammele haw oan ûnderfining kin ik no ynsette, útbouwe en weromjaan oan de bern. Behalve op skoallen hoopje ik ek lêswille te fersprieden op plakken dêr’t lêzen en selsfertrouwen net altyd fanselssprekkend binne, want lêswille is ek de springplanke nei libbenslok.”

Linda de Haan wurdt mei yngong fan jannewaris 2026 Berneboeke-ambassadeur . Foto Natalia Balanina

Oer Linda de Haan

Linda de Haan (Burgum, 1976) is yllustrator en berneboekemakker. Yn 2000 ferskynde yn fjouwer talen tagelyk har earste printeboek ‘Kening & Kening’, dat se tegearre mei Stern Nijland makke. De Haan yllustrearre ferskate Fryske en Nederlânsktalige berneboeken en fersoarge û.o. yllustraasjes foar Tomke-boekjes. Ferline jier ferskynde ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’, in berneboek wêrfan’t sawol it ferhaal as de yllustraasjes fan har hân binne. It boek waard selektearre foar de White Ravens fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer.

Berneboeke-ambassadeur

Om ’e trije jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambassadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen foar in skoalbesite of in lêzing.

Fakatuere: Undersyksmeiwurker foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

Hasto ynteresse om by de Fryske Akademy en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen te wurkjen? Wurkje by ús betsjut wurkje yn in bysûndere, histoaryske omjouwing yn ‘e mande mei ynspirearjende kollega’s en partnerorganisaasjes. Wy binne in platte organisaasje dêr’t meiwurkers selsstannich mei entûsjasme en passy yn gearwurkje. Kollegiale gearwurking en romte foar inisjativen steane foarop.

Op dit stuit sykje wy foar ús Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen in Undersyksmeiwurker (22,8 oeren wyks / 0,6 fte of mear yn oerlis).

Wat silst dwaan? 

• Meiwurkje oan ûndersyk op it terrein fan meartaligens en taallearen (regionaal en ynternasjonaal); 

• Meiwurkje oan besteande aktiviteiten bygelyks foar de opbou fan in kennisbank op basis fan ûntwikkele produkten út projekten; 

• Yn gearwurking mei de projektmanager rinnende projekten koördinearje en stypje; 

• Yn tiimferbân kongressen en seminars organisearje; 

• Mei-skriuwe oan artikelen en items foar nijsbrieven. 

By dizze funksje leit de klam op ûnderwiisprojekten dy’t meast in ynternasjonale kontekst hawwe en it redigearjen fan Regionale Dossiers.

Wat biede wy?

De oanstelling is tydlik, foarearst foar in jier. Ôfhinklik fan oplieding en wurkûnderfining is it salaris by in folslein tsjinstferbân op syn meast €4,484,- smoarch yn ’e moanne (UFOprofyl ûndersyksmeiwurker nivo 3, skaal 8, cao Nederlandse Universiteiten), eksklusyf 8% fakânsjejild en 8,3% ein fan ‘t jier-útkearing. 

It wurkplak is op de Fryske Akademy te Ljouwert.

Mear ynformaasje

De folsleine fakatueretekst is hjir te lêzen yn it Frysk (pdf) of English (pdf).
Reagearje kin oant 17 novimber 2025!

Foarstelling De Gjalp op Noordelijk Filmfetsival

De Moanne, Ensafh en Frysk Dichterskollektyf RIXT nûgje elk fan herten út foar in foarstelling mei de earste risseltaten fan De Gjalp – in projekt dat de Fryske literatuer op nije plakken in stim jaan wol.

Dizze earste Gjalp ferbynt dichters en skriuwers mei film en biedt harren in poadium op it Noordelijk Film Festival (NFF). Nei in iepen oprop binne tsien makkers selektearre. Sy hawwe harren plannen útwurke en sille dy no meiinoar op it NoFF presintearje. Fan poëzyfilms mei byld út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oant eksperiminten op it snijflak fan tekst, lûd, byld en fisuële keunst.

Jimme binne fan herte wolkom op sneintemiddei 9 novimber op it NoFF yn Ljouwert. Dêr wurdt dizze earste Gjalp presintearre.

optredens/presintaasjes

Tamara Feddema, Remco Kuiper, Myrte Marije Veenbaas, Ruerd Smaling, Marije de Lange, Erik de Boer, Hein Jaap Hilarides, Jorrit de Klerk, Sina Keuning en Anne Fie Salverda.

mear ynformaasje & opjefte

Boekpresintaasje Janneke Spoelstra’s ‘Wêr bliuwe de froulju?’

Janneke Spoelstra ynterviewde tsien dichters oer harren poëzy en harren posysje yn de Fryske literatuer. Net tafallich binne it alle tsien froulju. Skriuwe froulju likefolle as manlju? Wurde se like maklik publisearre? Hawwe froulju tsjintwurdich like goede kânsen as manlju yn ’e Fryske literatuer? Datsoarte saken kamen oan ’e oarder yn de ynterviews.

Op woansdei 12 novimber fan 14:15 oere ôf wurdt Spoelstra’s boek ‘Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)‘ presintearre yn it (Leonardo) Oranje Hotel oan de Stasjonswei yn Ljouwert. It boek wurdt útjûn by Afûk.

Programma

  • 14:15 oere: Ynrin
  • 14:45 oere: Start programma
    • lepening troch Froukje Sijtsma
    • Lêzing Fleur Speet (collectief Fixdit), oer ‘vrouwelijke auteurs in de Nederlandstalige letteren en de disbalans in waardering’
    • Muzyk fan Immen
    • Janneke Spoelstra, oer it gearstallen fan de ynterviewbondel
    • Foardracht ynterviewde dichters
    • Utjouwer Ernst Bruinsma (Afûk), oer de utjefte
    • Oanbieding fan it boek oan Gabrielle Terpstra en foardracht fan Gabrielle Terpstra
  • 17:10 oere: Ofsluting en neisit

Oer Janneke Spoelstra

Janneke Spoelstra (Hijum 1962) is sûnt 2001 yn tsjinst by de Fryske Akademy, earst as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske taal/Woordenboek der Friese taal, dêrnei wie se as ûndersyksassistint behelle by oare (leksikografyske) projekten. Se die wilens de masterstúdzje Fryske taal en kultuer, spesjalisaasje Literêre kultuer (Ryksuniversiteit Grins 2012). Sûnt 2018 wie se as redakteur ferbûn oan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek. No wurket se mei oan it ûnderhâld fan Frysker.nl. Yn 2023 publisearre se oer ‘Mooglike genderneutrale foarnamwurden yn it Frysk’.

Janneke Spoelstra is dêrneist skriuwer fan ’e Redaksje Literêre Rigen. Se wie ien fan ’e gearstallers fan ’e lhbty+-blomlêzing ‘Do draechst de leafde oan’ / Jij draagt de liefde aan (2021)’.

Yn it koart

Wat: Boekpresintaasje Janneke Spoelstra, ”Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023)
Wêr: (Leonardo) Oranje Hotel, Stasjonswei 4, 8911 AG Ljouwert. De presintaasje rint parallel oan de tredde Conference on Frisian Humanities.
Tiid: Ynrin 14:15 oere, start programma 14:45 oere. 
Opjefte (ferplichte): Fia dit online formulier