Oftraap projekt WikiWomen yn Burgum

Yn Burgum is tiisdei de ôftraap jûn foar it Europeeske projekt WikiWomen. Yn gearwurking mei partners yn Fryslân, Ierlân en Baskelân sille learlingen fan HAVOtop (Burgum) en vwo5 fan it Drachtster Lyseum wurkje oan nije biografyen oer Fryske froulju.

Skeve ferhâlding manlju-froulju

In oanlieding foar it projekt is de ferhâlding tusken manlju en froulju op Wikipedia (Frysk: Wikipedy), dy’t yn frijwol alle talen op sa’n 80-20% sit. “Wikipedia is de grutste ensyklopedy fan de wrâld en wy wolle dat it de realiteit wjerspegelet. It kin net sa wêze dat fan elkenien dy’t in biografy op Wikipedia fertsjinnet, 80 % man is. Dat leau ik net,” seit Welmoed Sjoerdstra, projektmeiwurker by Afûk. By de ôftraap hat sy mei har kollega’s Lisa Boersma en Stephan Berger en Anna Marije Bloem fan Cedin sa’n 60 boppeboulearlingen fan beide skoallen entûsjast makke om oan it nije projekt te wurkjen. Ek wie der in Mystery Guest oanwêzich: biologysk boerinne en powerfrou Welmoed Deinum fan Sondel, dy’t sels (noch) gjin Wikipagina hat.

Foto: Afûk

Searje 36

 It projekt kriget in plak op Searje 36, dé digitale metoade foar it fak Frysk, mar de biografyen komme op Wikipedy sels, want, sa seit Welmoed Sjoerdstra: “De measte minsken tinke dat Wikipedia net betrouber is, mar krekt omdat elkenien deroan tafoegje én yn korrizjearje kin, soest it sjen kinne as in (op syn eigen wize) tige betroubere ynformaasjeboarne.” In ‘jildich’ artikel hat dêrby op syn minst trije boarnen neamd, dêr’t út bliken docht dat it ûnderwerp (of de persoan) wichtich is. Dêrom is it dwaan fan boarne-ûndersyk part fan it projekt en sille de learlingen ek in besite bringe oan in GLAM (galery, bibleteek, argyf of museum).

Utwikseling

Op HAVOtop en it Drachtster Lyseum kinne se no los. Yn maart sil in delegaasje learlingen út Drachten wei nei Ierlân ta om dêr mei leeftydsgenoaten út Ierlân en Baskelân de nij skreaune biografyen út te wikseljen. Sa draacht harren wurk ek by oan de Iersk- en Baskysktalige Wikipedia’s, en oarsom! Takom jier sil der in twadde gearkomste wêze, yn Spanje, dêr’t learlingen fan Burgum hinne sille. It projekt makket de learling ta auteur en jout dy de kâns mei te wurkjen oan it tichtsjen fan de saneamde Gender Gap. Dêrmei is it in moai foarbyld fan betsjuttingsfol skriuwûnderwiis.

Wikiwomen

WikiWomen is in gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân en Fryslân om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De trije Fryske kennispartners binne de Afûk, de Fryske Akademy/Mercator Europeesk Kennnissintrum en Learning Hub Friesland. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

Reizgje mei nei Noard-Masedoanië foar evenemint mei Europeeske taalminderheden (16-30 jier)

Fan 13 oant en mei 19 febrewaris kinsto mei it FYK nei Kruševo, Noard-Masedoanië reizgje foar in evenemint foar jongerein (16-30 jier) fan Europeeske taalminderheden!  

Dan is it YEN Kick-Off evenemint, organisearre troch de Vlach minderheid yn Noard-Masedoanië. Oerdeis silst yn de workshop diskusearje oer tradysjes en wat y betsjutte foar in minderheid, hoe’t dy hjoed-de-dei in plak hawwe of (oard) ynfold wurde kinne. Ek is der in ekskurzje om mear te learen oer de Vlach. Fansels is der ek de Cultural Exchange Market om noch mear te learen oer alle oare minderheden dy’t oansletten binne by de YEN. 

Kosten om mei te dwaan foar de hiele wike (ynkl. akkomodaasje, programma en iten) is €100,-.  Lês alle ynformaasje hjir: Opjefte kin fia it FYK oant 21 jannewaris. 

Frysk Ynternasjonaal Kontakt

It FYK, Frysk Ynternasjonaal Kontakt, jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean en jongerein fan oare taalminderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier. De YEN, Youth of European Nationalities, is in koepelorgaan foar jongereinferienings fan Europeeske taalminderheden. Fragen? Stjoer dan in mailtsje.

Audio-opnames Operaesje Fers online

Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers wer online. It opnij beskikber stellen fan dizze ferneamde dichterskolleksje wurdt op de lanlike Gedichtedei (tongersdei 26 jannewaris) feestlik fierd yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar.

dichters

Meindert Bylsma, ien fan de trije dichters dy’t yn 1968 it inisjatyf namen ta Operaesje Fers, sil ynterviewd wurde en guon gedichten út dy tiid foardrage. Willem Abma is der ek en sil ynterviewd wurde. Fan him sitte der mear as hûndert gedichten yn de kolleksje fan Operaesje FersFierders treedt in jonge garde dichters op, oansletten by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden. Ilse Vos, Marije de Lange en Preston Losack drage gedichten foar dy’t passe by de sfear dy’t de oprjochters fan Operaesje Fers foar eagen hiene: poëzy op fernijende wize ûnder de minsken bringe.

Operaasje Fers

In tillefoannûmer draaie en dan in gedicht hearre. It wie jierrenlang hiel populêr. Operaesje Fers waard ynternasjonaal nijs doe’t in groepke Fryske dichters der yn 1968 mei begûn. It wie de earste dichterstillefoan op ‘e wrâld. Tsjintwurdich ha wy Google, YouTube, Spotify en sosjale media. Mar doe koest 058-131313 draaie en dan heardest in gedicht, alle wiken in nijenien. Operaesje Fers hat 25 jier bestien, fan 1968 oant 1994. Op de dichterstillefoan hawwe mear as 2000 gedichten te belústerjen west: 1100 Fryske, 800 Nederlânske en sa’n 100 yn oare talen. Oprjochters fan Operaesje Fers wiene Josse de Haan, Meindert Bylsma en Geart van der Zwaag; de geastlike heit wie Feyo Schelto Sixma van Heemstra.

opnames

It Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) hat alle orizjinele opnames fan Operaesje Fers dy’t by Tresoar yn depot lizze, op ‘e nij digitalisearre en pleatst yn syn online katalogus op archieven.nl. It giet om mear as 2700 gedichten. Folle mear dus as de krekt neamde 2000. Dat komt omdat net alle opnommen gedichten op de dichterstillefoan útstjoerd waarden. Boppedat gie lûdstechnikus Hein van der Vliet by dichterseveneminten yn en bûten Fryslân del en sammele hy op dy wize withoefolle gedichten. 

In soad opnames fan Operaesje Fers waarden troch Tresoar yn 2005 al online pleatst. In pear jier lyn waard dy webside út de loft helle omdat er slim ferâldere wie. De útwreide kolleksje stiet no op archieven.nl, dêr’t alle digitale byld- en lûdkolleksjes fan it FFAA beskikber binne. In seleksje fan 100 gedichten út Operaesje Fers is fan 26 jannewaris ôf ek op it soundcloudkanaal fan it FFAA te beharkjen.

harkje

Yn Kafee De Gouden Leeuw by Tresoar kinst fan 26 jannewaris ôf in seleksje út de Operaesje Fers-gedichten op ludike wize beharkje.

Beharkje hjir it radiopetear dat de AVRO yn 1968 mei oprjochter Josse de Haan hie.
Besjoch hjir de kolleksje fan Operaesje Fers op archieven.nl – de audiobestannen binne fan 26 jannewaris ôf beskikber.

Lansearring Operaesje Fers

Datum: 26 jannewaris 2023
Tiid: 16.00-18.00 oere
Plak: Tresoar, Kafee De Gouden Leeuw
Mear ynformaasje

Yn ferbân mei it beheinde tal sitplakken yn kafee De Gouden Leeuw is reservearje ferplichte. Kinst dy hjir oanmelde

Nasjonale Foarlêsdagen

Fregesto dy as pjutteliedster of beukerjuf ek wol ris ôf hokker boeken no echt de muoite wurdich binne om oan te skaffen op de groep? De Afûk hat in set fan seis prachtige printeboeken gearstald en by alle seis titels in lesbrief makke. It pakket – 6 boeken mei de lesbrieven der op ta – is no te keap yn harren websjop. Ek hiel leuk én handich om wat mei te dwaan mei de Nasjonale Foarlêsdagen fan 25 jannewaris o/m 4 febrewaris!

printeboeken

De boeken binne selektearre om de ‘rike’ teksten en yllustraasjes. Dat wol sizze dat it boek nijsgjirrige ûnderwerpen behannelt dy’t bern oan it tinken sette, goed formulearre teksten befettet mei in ryk ferskaat oan wurden en rake, prikkeljende yllustraasjes hat. Sa’n ryk printeboek is poergeskikt om in skoftke sintraal te stellen en ferskate aktiviteiten om hinne te organisearjen.

It boekepakket bestiet út de boeken: Buorman Brombear, By beppe útfanhûs, De Grutte Griene Grizel, Omke Ûle past op, Skelte wol in Skelter en De Lytse Walfisk.

De lesbrieveset bestiet út in bewarmapke mei mear ynformaasje oer foarlêzen en tips oer hoe’tst safolle mooglik út it foarlêzen helje kinst. Yn it mapke sit by alle seis boeken in lesbrief mei spesifike tips by it printeboek en de tema’s dêromhinne.

Nasjonale Foarlêsdagen

Mei de Nasjonale Foarlêsdagen is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0-6 jier. Op 25 jannewaris sette de foarlêsdagen tradysjoneel útein mei it foarlêsmoarnsbrochje. Fierders wurde der troch it hiele lân ferskate foarlêsaktiviteiten organisearre. By it printeboek fan it jier ‘Maximiliaan Modderman geeft een feestje’ is ek in Fryske lesbrief makke! En by de de bibleteek leit boppedat it nije Tomkeboekje ‘Help foar Kornelia’ klear foar alle lytse lêzers. Hielendal fergees! Sjoch ek www.nationalevoorleesdagen.nl.

Ried Fryske Beweging sil yngeand reorganisearje

Nei alle gedachten hâldt de Ried fan de Fryske Beweging op mei in koepelorganisaasje te wêzen foar in griemmank oan organisaasjes. Dy bliuwe wol belutsen fia in advysried. Mar de Ried wol ek folle mear enerzjy stekke yn de gearwurking mei oare organisaasjes dy’t relevant binne foar Fryslân, de Friezen en it Frysk. Dêr wurdt in Mienskipskommisje foar opset. Dat is yn neifolging fan de suksesfolle Politike Kommisje, dy’t oan de widze stien hat fan it hjoeddeistige omtinken foar it Frysk yn de polityk.

lês mear op It Nijs

Nominasys socht foor de eerste Taalpriis Waadhoeke

Op 21 febrewaris 2023 wurdt de UNESCO Dei fan de Memmetaal hâlden. Dizze jierlikse dei is yn it libben roppen om it ferskaat oan talen oer de hiele wrâld te fieren. En wa’t ferskaat oan talen seit, seit fansels Waadhoeke: mei neist it Nederlânsk ek it Frysk, Bildts en Franekers is der yn dit lân gjin gemeente dy’t kwa taal sa ryk is as Waadhoeke. Dat wol de gemeente graach fiere mei de earste edysje fan de Taalpriis Waadhoeke.

Om de aigen talen en taalrykdom in ’t sontsy te setten, hout de gemeente die dâg de eerste Taaldâg. Die fynt plak in de bibletheek fan Franeker. Der sil ok de eerste Taalpriis útraikt worre, foor ’t mooiste taalinisjatyf in de gemeente. En derfoor kin elkeneen ’n nominasy insture. Hewwe jou as ondernimmer ’n aksy had die’t met een fan de talen út Waddenhoek te krijen had? As beweuner op ’n besondere menier andacht froegen foor de aigen taal? Of as taalorganisasy wat spesjaals deen om ’t brúkken fan de taal te stimuleren?

Nominear dan ut projekt, inisjatyf òf de aksy en maak kâns op de earste Taalpriis fan gemeente Waadhoeke! “Wij soeke om projekten òf aksys dy’t sichtbaar weest binne, dy’t plakfonnen hewwe in de gemeente en dy’t om ut Franekers, Bildts òf Frys gongen. Wij wille benadrukke dat un indifiduele bewoaner òf ondernimmer evensugoëd kâns maakt as un groatere (taal)òrganisasy. De sjuery sil de nominasys foaral beoardele op orizjinaliteit, kréativiteit en de reaksys fan mînsen op de aksy òf ut inisjatyf,” seit de gemeente.

Nominearje kin troch meartalichheidskoördinator Gerard de Jong in mail te stjoeren op: g.dejong @ waadhoeke.nl û.f.f. ‘taalpriis’, en skriuw ús wêrom oft jo taalaksje – of dy fan in oar – de priis fertsjinnet. Ynstjoere kin oant en mei 23 jannewaris 2023. Om’t dit de earste edysje is, meie taalinisjativen fan 2018 oant no ynstjoerd wurde. Stjoer foaral ek wat mei om de nominaasje te stypjen, sa as foto’s, social media of berjochten út de parse. En wa wit, winne jo yn febrewaris de earste Taalpriis Waadhoeke.

De talen fan dit berjocht binne op folchoarder: it Frysk, ’t Bildts, ut Franekers, it Frysk

Ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan de BoekWinterBoek-ferhalejûn dy’t op freed 10 febrewaris om 20.00 oere yn kafee De Bogt fen Guné yn Frjentsjer holden wurdt.

Ut ‘e Bocht

Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden te skriuwen op it tema ‘Ut ’e bocht’. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

Ferhalejûn

De winner wurdt op de BoekWinterBoek-ferhalejûn yn Frjentsjer bekend makke en mei syn/har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden tusken de skriuwers fan dizze jûn: Anne Feddema, Koos Tiemersma, Sietse de Vries, Willem Schoorstra en Hylke Speerstra. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre.

Meidwaan

Ynstjoeringen moatte foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens en op syn lêst freed 27 jannewaris binnen wêze op dit e-mailadres

Kursusoanboad 2023 by Folkshegeskoalle

It liket wol as giet de tiid oan ‘e ein fan it jier nóch flugger. Foardatst it witst, is it nije jier al útein set. Faak wurde der troch bedriuwen en fûnsen dan passende slogans betocht, yn de foarm fan goede foarnimmens of tema’s. De Folkshegeskoalle Schylgeralân jout dêr graach harren eigen slinger oan: 2023 roppe sy út ta It jier fan de Ienriedigens.

It jier fan de Ienriedigens: kursusoanbbod 2023

Krekt omdat der fan alles oan de hân is yn ‘e wrâld, wolle sy sunich wêze op de lytse, mar och sa wichtige dingen yn it libben: weardefolle moetings, stilte, elkoar in lústerjend ear biede, efkes hearlik laitsje en mei-inoar ûntspanne. It kursusoanbod foar 2023 jout dêr alle romte ta. Sy hoopje dan ek dat sy jimme yn it nije jier wer moetsje meie.

Foar no winsket it hiele tiim fan de Folkshegeskoalle jimme in ienriedich 2023 ta!

Dokter, mei it ek yn it Frysk? #FryskeFreed

Pasjinten krije yn de Fryske sikehuzen op in oantal ôfdielingen de pasjinteynformaasje sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk oanbean. It Ljouwerter bedriuw Indiveo ûntwikkelet foar ûnder oaren de Fryske sikehuzen pasjinteynformaasje yn de foarm fan animaasjefideo’s, saneamde divi’s. Yn gearwurking mei de Afûk is in earste searje fan 60 fan dy divi’s no ek mei in Fryske voice-over beskikber makke.

“In emotionele situaties valt men graag terug op de moedertaal,” ljochtet Ralph Koppers, ien fan de inisjatyfnimmers fan Indiveo en longarts yn it MCL ta, “het was dus een logische stap om een Friese versie te ontwikkelen. Mensen begrijpen de informatie in de eigen taal beter, en het is op de een of andere manier minder bedreigend.”

Mei it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’ stimulearret de Afûk it gebrûk fan de eigen taal yn soarchsituaasjes. In gearwurking tusken Indiveo en Afûk lei dêrom foar de hân. Mei stipe fan de provinsje Fryslân koe it ferfryskjen fan de divi’s útfierd wurde. Foar no is derfoar keazen om in seleksje divi’s fan in Fryske stim te foarsjen, nammentlik foar de spesjalismen ortopedy, (boarst)kanker, sjirurgy en bern. De kommende jierren hoopje Indiveo en Afûk it tal Frysktalige divi’s foar hieltyd mear spesjalismen út te wreidzjen.

Soarchferlieners fan it Oncologisch Centrum Leeuwarden (OCL) meitsje ek gebrûk fan Indiveo. Foto: Jacob van Essen, Hoge Noorden

Fryske Freed

It nijs oer it beskikber kommen fan de Frysktalige pasjinteynformaasje is net tafallich op freed 9 desimber. “It is hjoed Fryske Freed en wy fûnen dat, mei de fjouwer Fryske sikehuzen Nij Smellinghe, Antonius, Tjongerschans en MCL, in moaie gelegenheid om hjir omtinken oan te jaan”, sa ferklearret Sjoukje Jager, projektmeiwurker by de Afûk. “Wy hoopje sa meielkoar in soad minsken te berikken en sjen te litten: sjoch, dat kin ek yn it Frysk. Elk besteget dêr hjoed op syn eigen wize omtinken oan. Dat is ek wat Fryske Freed is. Moai toch?”

Omtinken foar taal yn ’e soarch

Neist it beskikber kommen fan de Frysktalige pasjinteynformaasje, dy’t rjochte is op soarchfregers, sil der yn de kommende moannen ek ekstra omtinken wêze foar taal yn ’e soarch rjochte op soarchferlieners. Dat bart yn de foarm fan in searje artikels wêryn’t ferskate soarchmeiwurkers út de Fryske sikehuzen oan it wurd komme.

Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje by de Afûk, ljochtet ta: “Minsken kinne harren faak better útdrukke yn de eigen taal en jouwe dêrtroch dan faak ek mear en bettere ynformaasje. Dêrnjonken stelt it brûken fan de eigen taal minsken op harren gemak. Elk dy’t Frysk praat sil dat gefoel fan ‘o, wy kinne wol gewoan Fryske prate’ herkenne. Dat skept in bân, jout fertrouwen. It brûken fan de eigen taal yn soarchsituaasjes is belangryk en dat belang ûnderkenne begjint mei it kreëarjen fan bewustwêzen, it deroer ha.”