Bestiet de wiere Fries? Hoe foarmet de generaasje fan no ús takomstich heitelân? Dy en oare fragen ûndersiket Johanneke Dijkstra yn KRIICH, in hybride film dy’t dokumintêre en fiksje byinoar bringt en de Fries fan no toant yn al syn fasetten. Dêrmei is it ek in útnûging om mei-inoar stil te stean by wa’t wy binne, wat wy leare fan ús ferline en hoe’t wy it takomstich heitelân foarmje.
Doarpetoer 22 oktober – 21 novimber 2025
De toer foarmet de start fan Johanneke har artistike promoasjeûndersyk oan de Ryksuniversiteit Grins en tsjinnet dêrby as petearstarter: nei it sjen fan de film wurdt it publyk útnûge om útienrinnende perspektiven te dielen.
De film makket in doarpetoer lâns Nes, Ljouwert, De Trieme, Marrum en Drachten en sil letter ek ymplemintearre wurde yn lessen foar it fû en it mbû.
Hoe kinne de Fryske taal en sport inoar fersterkje? Oer dit tema organisearret DINGtiid syn jierlikse DINGtiid-lêzing op sneon 8 novimber 2025. Ferskillende sprekkers sille fertelle oer hoe’t sy de Fryske taal ynsette om harren sportdoelen te berikken. En oarsom: oer hoe’t sport in prachtich middel is om it Frysk te hearren en te sjen op it fjild of yn de sportkantine. Mar ek: hoe kinne je nije taalfeardichheden leare troch te bewegen?
Harkemase Boys
De DINGtiid-lêzing fynt plak yn de skybox fan de Harkemase Boys op De Harkema, dêr’t foarsitter Sippe Heeringa fan it haadbestjoer fertelle sil wêrom’t Harkemase Boys derfoar keazen hat om de Fryske taal te brûken yn harren kommunikaasje: op sporttenues, yn de kantine, mar ek by útwedstriden. Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân leit út wat it ynsetten fan de Fryske taal harren bringt as organisaasje. Marnix Heida, oprjochter van NL Training (oanbieder fan taal- en ynboargeringskursussen) beklammet it belang fan beweging om nije feardichheden oan te learen.
ôfbylding fan Freepik
Biltsktalige energizers Hoe kinst mei beweging in nije taal leare? De Biltsktalige leefstylcoach Caroliene Lemstra lit mei energizers sjen hoe’t elkenien him de Biltske taal eigen meitsje kin! Kom dus foaral yn sportive klean!
Programma Ynrin fan de lêzing is om 10.00 oere yn de skybox fan Harkemase Boys (De Bosk 20, De Harkema). It programma set om 10.30 oere útein. Wy slute om 12.30 oere ôf mei in (opsjonele) lunsj.
Opjaan Jo kinne jo oant 1 novimber 2025 opjaan foar de DINGtiidlêzing (fol=fol).
Freed 17 oktober krigen learlingen fan SLS De Feart yn Jobbegea in lêskoffer mei Fryske berneboeken kado út hannen fan Hedwich Rinkes, wethâlder fan Kultuer fan de gemeente It Hearrenfean, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn’t alle basisskoallen fan de gemeente in fergeze lêskoffer oanbean krije.
oanbieding Lêskoffer Berneboeke-ambassadeur – It Hearrenfean. Foto: Jacob van Essen.
Njonken SLS De Feart krije ek 29 oare basisskoallen yn de gemeente in lêskoffer oanbean. De lêskoffers binne beskikber steld troch de gemeente It Hearrenfean,
Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, is optein: “It is sa wichtich dat bern harrensels weromfine kinne yn in boek, fia it ferhaal, mar ek just fia de taal. Dat kin allinnich as der in ryk oanbod fan moaie Fryske berneboeken is, sadat der in berneboek foar elkenien yn de skoalbyb stiet.” De Berneboeke-ambassadeur giet de kommende tiid by de skoallen yn de gemeente It Hearrenfean del om te fertellen oer hoe fijn en moai (foar)lêzen yn de memmetaal is en om workshops te jaan wêrby’t de wille yn taal en ferhaal foarop stiet.
“As gemeente fine wy it wichtich dat bern al op jonge leeftyd yn ’e kunde komme mei it Frysk. Yn 2022 hawwe wy dêrom in boekekiste útdield oan alle basisskoallen yn ús gemeente. No wolle wy opnij in kiste fol prachtige Fryske boeken kado jaan oan alle basisskoallen, en in lêstas oan it fuortset ûnderwiis.”
Wethâlder Hedwich Rinkes fan Kultuer
Frysk lêzen stimulearret de taalûntwikkeling
It Frysk is in weardefol ûnderdiel fan ús kultuer en identiteit, en in folweardige taal dy’t bydraacht oan de brede taalûntwikkeling. Undersyk lit sjen dat it goed behearskjen fan dyn memmetaal in sterke basis lêt foar it learen fan oare talen en it ûntwikkeljen fan taalgefoel yn ’t algemien. Mei dizze boeken stimulearje wy it brûken en belibjen fan de Fryske taal ûnder bern en jongerein.
Grutte audiokolleksje fan samler fan Fryske folksferhalen op 2 novimber online
Skriuwer en wittenskipper Ype Poortinga (1910-1985) sammele yn de jierren 1970 en 1980 in fracht oan Fryske folksferhalen. Mei syn Dafke gie er jierrenlang alle wiken by fertellers yn de provinsje del om ferhalen op bân op te nimmen. Foar dit ambisjeuze projekt krige er geregeld help fan ûndersiker Jurjen van der Kooi (1943-2018). Soest harren de Fryske bruorren Grimm neame kinne.
Sa’n twatûzen ferhalen binne yn sân mânske boeken ferskynd mei moaie titels as It fleanend skip, De held en de draek en It gouden skaakspul. Alle audio-opnames dy’t Poortinga makke fan de ferhalefertellers binne ek bewarre bleaun. Dy lizze by Tresoar. Se binne de ôfrûne tiid troch it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) digitalisearre en komme op 2 novimber online beskikber. Sa krije mear as hûndert Fryske fertellers fan folksferhalen harren stimmen werom.
De feestlike lansearring fan de audiokolleksje fan Poortinga fynt plak op snein 2 novimber yn Tresoar. Ta gelegenheid dêrfan organisearje Tresoar en it FFAA dan in ferhalemiddei. Fertellers fan no – Aggie Meijer, Alexander Moto, Tamara Feddema en Kees de Vries – litte priuwkes út de ferhalen fan Poortinga hearre. Arjan Sterken, religywittenskipper en leafhawwer fan de ferhalen fan Poortinga, fertelt oer syn ûndersyk nei ferteltradysjes. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries (ek wol Willem Wâldpyk). Kom del en lit dy meinimme yn de wûndere wrâld fan de mearkes, grappige teltsjes en sêgen!
Fryslân is in lân fan ferhalefertellers. Fan generaasje op generaasje waarden ferhalen oer de natuer, duvels, dieren, spûken en tsjoenders winterdeis by it hurdfjoer dield. Benammen ‘op de heide’ wie in grutte rykdom oan ferhalen te finen. Stoere, sterke en spannende, mar ek oandwaanlike ferhalen as ferdivedearjend jûnspraat. Ferhalen mei titels dy’t nijsgjirrich meitsje: ‘de jongfeint dy’t syn siel fuortstjoerde’, ‘de frou út de reinwettersbak’, ‘de ierdmantsjes dy’t in kreas frommes sjen woenen’ en ‘wêrom’t de earrebarre op ien poat stiet’.
Op sneon 8 novimber, draait it Noordelijk Filmfestival, NFF, de Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk. De fertoaning op sneontemiddei wurdt presintearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). Nenets-antropologe en – aktrise Roza Laptander (Pudana, Last of the Line) sil de film ynliede.
oer de film
De Grienlânske dokumintêre WALLS – Akinni Inuk fan Sofie Rørdam en Nina Paninnaq-Skydsbjerg is op meardere flakken in útsûnderlike reis. Wat begûn as in projekt dêr’t detinearden yn in finzenis yn Nuuk fideokamera’s krigen om har eigen libben fêst te lizzen, groeide út ta in oandwaanlik en wêzentlik ferhaal oer leafde, hoop, minsklike empaty en de striid om in twadde kâns.
Sintraal stiet Ruth Mikaelsen Jerimiassen, al tolve jier foar ûnbepaalde tiid fêst – finzen yn in juridysk nimmenslân tusken Grienlân en Denemarken. As Sofie Rørdam en Nina Paninnguaq-Skydsbjergen de finzenis besykje foar harren filmprojekt, reitsje Ruth en Nina befreone. Troch har yntime petearen ûntdekke se in dield traumatysk ferline en realisearje se har dat se inoar helpe kinne om te ûntsnappen oan de boeiens fan sawol de finzenis as it ferline. It resultaat is in krêftich portret dat de betsjutting fan frijheid op sawol yndividueel as maatskiplik nivo befreget en sûnder sensaasjesucht swiere tema’s as geweld, rjochtfeardigens en kolonialisme behannelet.
WALLS – Akinni Inuk gie dizze maitiid yn premjêre op it CPH: DOX-festival yn Kopenhagen, dêr’t it de NORDIC: DOX Award wûn, en wie dêrnei ûnder oare te sjen op festivals yn Toronto en Haugesund. De film waard nominearre foar de Nordic Council’s Film Prize en is de earste Grienlânske dokumintêre ea dy’t selektearre waard om it lân te fertsjintwurdigjen by de 98ste Academy Awards. WALLS – Akinni Inuk belibbet op it Noordelijk Film Festival de Nederlânske premjêre.
Op 17 en 18 oktober 2025 fiert de Ynterfryske Ried it hûndertjierrich jubileum fan it earste Fryske Kongres yn de moderne tiid. Dizze histoaryske gearkomste, dy’t yn 1925 ôffurdigen út West-, Noard- en East-Fryslân byinoar brocht, wurdt beskôge as in mylpeal yn de bopperegionale gearwurking tusken de Fryske regio’s.
Der is noch plak
Der is noch plakop it Frysk Kongres 2025 yn Jever: hûndert jier Frysk kongres. Mar wês fluch, want dat sil it kommende wykein heve.
Programma fan it Friesenkongress yn Jever 2025
Freed 17 oktober
18:00
Ûntfangst fan de Ynterfryske Rie yn it Schloss yn Jever (Schlossplatz 644, Jever).
18:30
Antje Sander fertelt oer it Schlossmuseum.
19:00
Begroeting troch Jan Edo Albers (boargemaster fan Jever). / Begroeting troch de plakferfangende Landrätin (van de Landkreis Friesland) Marianne Kaiser-Fuchs. / Feestrede fan Thomas Steensen oer Hûndert jier Friezenkongressen, skiednis en balâns (yn it Dútsk).
Sneon 18 oktober
10:00
Iepening yn it Theater am Dannhalm (Schulstraße 5a, 26441 Jever)
10:10
Presintaasjes oer wittenskiplik wurk yn de trije Fryslannen:
Fryske Akademy (Han Nijdam) / Nordfriisk Instituut (Christoph Schmidt) / Ostfriesische Landschaft (Rico Mecklenburg) / Oldenburgische Landschaft (Franziska Meifort)
11:30
Begroeting troch de Fryske deputearre Eke Folkerts. / Begroeting troch Falko Mohrs, minister fan wittenskip en kultuer yn Niedersachsen.
12:00
Skoft.
12:15
Lêzing fan Tessa Leppers: Sprachen unter der Lupe: Saterfriesisch und Niederdeutsch.
13:00
Middeisiten.
14:00
Utstapke nei Neustadtgödens (û.o. it museum Landrichterhaus, oer de ferskate religieuze mienskippen yn dat plak).
16:00
Ofskie mei kofje yn ‘e eardere fermoanje (Mennonitenkirche Neustadtgödens).
Oanmelde
Jo kinne jo oanmelde by: arno.ulrichs@ewetel.net, of: sekretariaatfryskerie@gmail.com.
Kosten: 25 euro foar it hiele programma; 10 euro foar de freedsbesiters, 15 euro foar de sneonsbesiters). Oermeitsje oan Interfriesischer Rat, banknûmer (IBAN): DE81 2175 0000 0166 0541 30.
Tourist-Information: tillefoan 04461-939261, mail Tourist-Info@stadt-jever.de). Oernachtsjen is moglik yn de jeugdherberch: 04461-909202; https://www.jugendherberge.de/jugendherbergen/jever/.
Nederlânsk, Frysk of in oare taal: hokker taal of talen wolle takomstige âlders yn Fryslân mei harren bern prate? En hokker faktoaren bepale dy taalkar? Foar ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne de Afûk, it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Fryske Akademy) en it European Centre for Minority Issues (ECMI) op ’e syk nei âlders dy’t Frysk prate en harren earste berntsje ferwachtsje of neitinke oer it krijen fan harren earste berntsje.
Mei in fragelist wolle de ûndersikers mear te witten komme oer takomstige âlders yn Fryslân, en ûndersykje hokfoar stipe takomstige âlders graach krije wolle soene wat taal of meartaligens oanbelanget. Hjirby makket it net út oft âlders fan doel binne om it Frysk al as net troch te jaan oan harren bern. De fragelist is beskikber yn it Frysk en it Nederlânsk.
It Frysk is klassifisearre as in minderheidstaal mei in kwetsbere taalfitaliteit. Yn ’e lêste desennia is de taal sadwaande hieltyd mear beskerme en befoardere oan de hân fan provinsjaal taalbelied. Dat hat resultearre yn in gruttere ynstitúsjonele stipe foar it Frysk, in sichtberder plak yn ’e media en oare iepenbiere domeinen, en de ynkluzje fan ’e taal yn skoalkurrikula. Boppedat binne der inisjativen om thús de taaloerdracht tusken generaasjes te stimulearjen, om’t it tal âlden dat it Frysk trochjout oan harren bern stadichoan efterút giet.
It Frysk sa’t it praat wurdt yn Fryslân is nau besibbe mei it Noard-Frysk dat yn Nordfriesland (Dútslân) praat wurdt. Parallel oan it projekt oer Fryske taaloerdracht tusken generaasjes yn Nederlân wurdt troch it European Centre for Minority Issues wurke oan in ûndersyk nei de Noard-Fryske taaloerdracht tusken generaasjes. Dat soarget derfoar dat in ferliking makke wurde kin tusken de twa Fryskpratende gebieten en it soarget foar oerkoepeljende resultaten dy’t relevant binne foar it taalbehâld en de taalrevitalisaasje oan beide kanten fan ’e grins fan Nederlân en Dútslân.
It projekt hat in ûndersykssubsydzje fan de Provinsje Fryslân ûntfongen.
Tijdens het zesde symposium van Stichting Sasland zullen in zes korte lezingen de ontwikkelingen in de moderne Nedersaksische literatuur worden besproken. Dat wil zeggen: in de literatuur vanaf het jaar 2000. Over het oudere literaire werk is al flink wat geschreven in het Handboek Nedersaksisch, dat in 2008 verscheen. We zijn inmiddels een kleine 25 jaar verder. Op het komende symposium zal alles er daarom op gericht zijn een genuanceerd beeld te krijgen van de jongste periode van de Nedersaksische literatuur.
Vrijdag 31 oktober 2025
Van 14.00 tot 17.30 uur. Inloop vanaf 13.30 uur
Plaats: MFA Berkoop/Oldeberkoop, Willinge Prinsstraat 24, 8421 PE
ôfbylding: Pixabay
Vraagstellingen
De deelvragen waar de sprekers zich door zullen laten leiden zijn:
Zijn er ontwikkelingen en tendensen vast te stellen in de Nedersaksische literatuur van de laatste vijfentwintig jaar?
Wat moeten werkers in het veld, docenten en andere overdragers van de Nedersaksische letterkunde beslist weten over de literatuur van de behandelde regio’s? Hoe zorgen we ervoor dat die kennis ontwikkeld wordt?
Wat moet het grote publiek weten over de literatuur van de behandelde regio’s?
Hoe zorgen we voor grotere bekendheid van de nieuwste literatuur?
De vragen die beantwoord zullen worden zijn, niet toevallig, vergelijkbaar met die van de Canon van het Nedersaksisch. Deze canon is als ebook te downloaden op boekenbestellen.nl voor € 5,-
Programma van het zesde Nedersaksisch symposium
13.30 – 14.00 Inloop
14.00 – 14.15 Opening door de symposiumvoorzitter, de heer Jurr van Dalen
15.20 – 16.40 Dick Schlüter (historicus, eerder o.m. stadsdichter van Enschede):
Nedersaksische literatuur in Twente, Salland en Noordwest-Overijssel
16.40 – 17.00 Susanne Braamburg (streektaalfunctionaris Veluws) en Diana Abbink
(streektaalfunctionaris Achterhoeks): Oost-Veluwse en Achterhoekse
literatuur
17.00 – 17.15 Jacqueline Visscher – van Veen (docent Nederlands): literatuur in het Urkers
17.15 Afsluiting door symposiumvoorzitter Jurr van Dalen
Mochten er zich op het laatste moment nog wijzigingen voordoen in het programma, dan zullen die bekendgemaakt worden op sasland.nl > nieuws / ni’js.
Belangrijke spin-off zal naderhand zijn: een bundel met nieuwe Nedersaksische verhalen en gedichten uit de verschillende regio’s
Aanmelding, registratie en betaling
U wordt van harte uitgenodigd het symposium mee te maken. De prijs van deelname bedraagt € 11,50, consumpties inbegrepen. Inschrijving kan op dit mailadres: h.nijkeuter [apestaartje] hetnet.nl
Uw inschrijving is definitief na storting van het genoemde bedrag op rekeningnummer NL41 INGB 0001215274 van Stichting Sasland.
Bin jow een geboren verbiener mit een hatte veur streektael en -kultuur? Vuul ie jow thuus in de wereld van literetuur, geschiedenis en identiteit – en in et biezunder die van de Stellingwarven? Dan zuken wi’j jow!
Over de orgenisaosie De Stellingwarver Schrieversronte is ét centrum veur streektael, literetuur, geschiedenis en volkskultuur van de Stellingwarven. Vanuut Berkoop warken wi’j an de ontwikkeling én et behoold van et kulturele arfgoed van de streek, mit projekten, publikaosies, evenementen en edukaosie.
Jow rolle As direkteur bi’j’ et gezicht van oonze stichting. Jow inspireren, verbienen en geven richting. Tegere mit een klein team van mitwarkers en een betrokken groep vri’jwilligers zorgen jow veur overzicht, sturing en verni’jing.
Jow belangriekste taeken bin:
Vertegenwoordigen van de stichting richting overheden, media en saemenwarkingspartners.
Opstellen van jaor- en aktiviteitenplannen en bi’jdregen an de financiële planning.
Opstellen van et jaorverslag en veurbereiden van bestuursvergeerderings.
Onderholen van overleg mit overheden, taelinstaansies en foonsen.
Warven van projekten en anvraogen van subsidies (tegere mit de buromitwarker).
Opmarken van ontwikkelings op et gebied van streektael en kultuur.
Wie zuken wi’j? Een inspirerende leider mit hatte veur de Stellingwarven. Een boegbeeeld die de Stellingwarver tael eigen is – letterlik én feguurlik.
Jow bin iene die:
Vloeiend Stellingwarfs praot en schrift, of bereid is dit vlogge te leren.
Onderviening het mit beleidsmaotig warken en et ansturen van een kleine orgenisaosie.
Kan lobbyen, verbienen en motiveren – intern én extern.
Strategisch daenken kan en praktische zaeken wet te orgeniseren.
Tied nemt voor meensken: bezukers, vri’jwilligers, kollega’s en partners.
Wat bieden wi’j?
Een unieke funktie in et kulturele hatte van de Stellingwarven.
Vule ruumte veur eigen inbreng en inhooldelike invulling.
Saemenwarking mit een betrokken team en een bried netwark.
Een passend selaris konform CAO-car ambteners schaole 10
Interesse? Stuur jow motivaosie en cv uterlik 24 oktober naor bestuur@stellingwarfs.nl Veur vraogen over de funktie kun jow mailen naor bestuur@stellingwarfs.nl, dan nemt de veurzitter van et bestuur kontakt mit jow op.
Meer infermaosie over oonze stichting vienen jow op: www.stellingwarfs.nl
Succesvolle oetverkochte editie van SND-symposium trekt roem 120 bezukers.
Meer as 120 bezukers oet Nederlaand, Duutsland en België verzamelden zuch dunderdag 2 oktober in stadion De Oude Meerdijk in Emmen veur het symposium van de Stichting Nederlandse Dialecten (SND), dit jaor in de maande organiseerd met het Huus van de Taol. Het thema dit jaor was Podium veur de streektaol : van voetbal en meziek tot theater en schrieverij, overal kuj de riekdom en kracht van streektaol zien laoten. Verscheiden onderzukers, schrievers en makers vertelden derover tiedens lezingen en workshops.
Commissaris van de Keuning Jetta Klijnsma dee het symposium samen met dagveurzitter Renate Snoeijing (directeur Huus van de Taol) lös. Daornao volgde een dag vol lezingen, panelgesprekken, workshops en optredens.
Foto: Richard Broekhuijzen – fia Huus van de Taol.
Hoogtepunten
De hoogtepunten waren undermeer:
Een lezing van Kristel Doreleijers over taolvariatie op het ‘glokale’ voetbalteniel,
Een stevig paneldebat over streektaol in de media, met vertegenwoordigers van Talpa, RTV Drenthe en het Dagblad van het Noorden,
Een gesprek met marketingmanager Marc Timmer over het gebroek van Drents bij FC Emmen
Inspirerende workshops van u.a. Leon Moorman, Lida Dijkstra en Martijn Wieling.
De prikkelnde ofsluting van het symposium bestund uut een koppel optredens met poëzie van Delia Bremer en Ria Westerhuis, volgd deur een netwarkborrel met oetzicht op het veld van FC Emmen.
‘Het was geweldig um te zien hoe underzukers, schrievers, muzikaanten, journalisten, bestuurders en taolliefhebbers mekaar tröffen en met mekaar in gesprek gungen. Dit symposium lat zien dat streektaol leeft en op alle podia een stee kreg, zölfs in een voetbalstadion.’
Renate Snoeijing, directeur van het Huus van de Taol
Over het symposium
Het SND-symposium is een jaorlijks evenement van de Stichting Nederlandse Dialecten, altied organiseerd in samenwarking met een regionale partner. Dit jaor was dat het Huus van de Taol, de streektaolorganisatie die het Drents anfietert met as doel um het een taol te laoten weden waor de gebroekers wies met bint en die de niet-gebroekers waardeert.
Stichting Nederlandse Dialecten is een overlegorgaan waorin streektaolbeleidsmakers en taolwetenschappers vertegenwoordigd bint.