Nei oanlieding fan petearen tusken Stichting Bildts Aigene, Stellingwarver Schrieversronte en Omrop Fryslân sille de trije partijen gearwurkje om minsken yn it nijs te sitearjen yn eigen taal: ‘t Bildts of et Stellingwarfs.
Wannear’t de Omrop tenei op de webside in persoan sitearje wol yn eigen taal, stypje Bildts Aigene en de Stellingwarver Schrieversronte de Omrop mei it skriuwen. Stipe dêrby en omtinken om minsken yn eigen taal te sitearjen is tige wolkom. Sietske Bloemhoff fan de Stellingwarver Schrieversronte is der wiis mei: “Et bin toch kleine en goeie beginnegies van meertaelighied op ‘e omroep veur uuteindelik hiel Frieslaand!”
Sjoch hjir in nijsberjocht dat de eigen taal brûkt yn sitaten.