Neffens it nije boekje Trends in the Caribbean Netherlands fan it CBS is it eilân Bonêre fjouwertalich. Hast 90 % fan de 18.905 Bonairianen praat Papiamentu. Foar 64 % is it de earste taal en de taal dy’t se it faakst prate. Mear as 70 % kin Ingelsk prate, mar dat is mear in taal foar der by, benammen in taal om saken te dwaan mei de Amerikanen dy’t fanôf in grut cruiseskip op it eilân omstappe en in taal om mei de rest fan de wrâld te kommunisearjen. Tusken 70 en 80 % kin Nederlânsk prate. Dy taal wurdt krekt wat mear brûkt as it Ingelsk, mar wer folle minder as it Papiamentu. It Spaansk is, as je nei de persintaazjes sjogge, sawat like belangryk as it Nederlânsk. Dy posysje hat alles te krijen mei ymmigranten út lannen as Venezuela en Kolombia en saaklike kontakten mei dy lannen. Bonairianen geane bygelyks geregeld yn Kolombia nei it sikehûs.
De status fan it Papiamentu is in wichtich tema op it eilân. Safolle waard wol dúdlik op de jubileumkonferinsje fan de Fundashon Akademia Papiamentu, dy’t okkerdeis op it eilân hâlden waard. De posysje fan de taal is neffens in soad eilanners swakker wurden sûnt it eilân in soarte fan Nederlânske gemeente wurden is op 10 oktober 2010. It tal ynwenners naam ta, it persintaazje Papiamentusprekkers waard dêrtroch yn ferhâlding lytser en boppedat is der frijwat druk fan it ministearje fan ûnderwiis om mear Nederlânsk op skoalle te jaan en minder Papiamentu. De EBLT-delegaasje op Bonêre bestie út AB-lid Ruben Severina fan SPLIKA en âld-foarsitter en bestjoersadviseur Onno Falkena.
It gie yn it foarste plak om in tsjinbesite. Yn septimber brocht in delegaasje fan de fiifjierrige Fundashon Akademia Papiamentu in koarte wurkbesite oan Fryslân, mei foaral in soad omtinken foar it tema trijetalich ûnderwiis. Op Bonêre bestiet in koarte tradysje fan ûnderwiis yn it Papiamentu, benammen yn de ûnderbou, wêrnei’t yn de boppebou oerskeakele wurdt op it Nederlânsk, want dy taal is de belangrykste ynstruksjetaal op it fuortset ûnderwiis.
Bonêre waard op ’10.10.10′ yn plak fan ûnderdiel fan de Nederlânske Antillen in ‘Openbaar lichaam’ fan Nederlân, sis mar in soarte fan Nederlânske gemeente, lykas de folle lytsere eilannen St. Eustatius en Saba. Trijerisom hjitte de eilannen in Haachsk afko-jargon BES. It ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip fûn it ûnderwiis net goed, om it diplomatyk te sizzen, en hat dêr frijwat yn ynvestearre. By de besite oan it katolike Kolegio San Bernardo is dat dúdlik goed te sjen. Alle klassen hawwe airco – wie foarhinne net sa – en moderne whiteboards. Op it moderne skoalboerd wurdt fleurich Papiamentu skreaun, mar apps of fideo’s yn dy taal om it ûnderwiis te stypjen binne der noch net. Der wurdt, op ridlik tradisjonele wize, klassikaal lesjûn. De pear blonde Nederlânske berntsjes wurde net by de les belutsen en lykje fuort te dreamen. De fleur komt der wer wat yn as de bern, op fersyk fan de besite, in pear ferskes yn it Papiamentu sjonge.
Underwiisbestjoerders op Bonêre steane foar har gefoel bot ûnder druk fan ûnderwiisynspeksje en it ministearje om mear tiid oan it Nederlânsk te besteegjen en minder oan it Papiamentu. De druk stiet swart op wyt yn it rapport ‘Nederlands op z’n BESt‘ dat de Taalunie yn desimber 2014 publisearre. It ministearje stjoerde it rapport nei alle skoallen op it eilân. It freonlikste dat je oer it rapport sizze kinne is dat it skreaun is fanút in tunnelfyzje; ‘beter Nederlands, door meer Nederlands’ wurdt sjoen as de oplossing foar alle ûnderwiisproblemen op it eilân, wêrby’t foarbygien wurdt oan de omstannichheid dat it Nederlânsk foar fierwei de measte bern in frjemde, eksoatyske taal is, fan 8.000 kilometer fierderop, dêr’t se bot mei wrakselje. De Taalunie pleitet krekt foar mear Nederlânsk, omdat de bern thús en op strjitte te min Nederlânsk tsjinkomme. It Nederlânsk wurdt troch it ministearje wol omskreaun as ‘ontwikkelingstaal’, dêr’t de bern letter yn trochleare kinne, wylst it Papiamentu ‘cultuurtaal’ neamd wurdt. It is proaza dêr’t saakkundigen op it mêd fan meartalich ûnderwiis en minderheidstalen, yn Fryslân en fier dêrbûten, krûme teannen fan krije. Op de jubileumkonferinsje fan de Fundashon Akadamie Papiamentu neamt taalprofessor Nicolas Faraclas fan Puerto Rico it advys fan de Taalunie ‘in treflik resept om de bern fan Bonêre op skoalle mislearje te litten’. Ik sitear korrespondinte Patricia Bergwijn fan it Antilliaans Dagblad:
“Het Nederlands is voor Bonaire een vreemde taal en moet als zodanig worden onderwezen. Het eerste principe van goed onderwijs is namelijk de beweging van ‘the known to the unknown’. Met andere woorden nieuwe dingen leren, doe je het beste vanuit hetgeen je al weet. Kinderen die op school via het Nederlands nieuwe dingen moeten leren, maken de beweging van unknown naar unknown. De meesten gaan dat dus niet redden. Het Nederlands is niet hun taal, niet hun referentiekader, niet eigen en dus niet iets waarmee ze zich kunnen identificeren. Bovendien wordt door de huidige situatie met het Nederlands als instructietaal en het negeren van Papiamentu feitelijk gezegd: Jouw taal voldoet niet, jouw cultuur is onbelangrijk, jij bent onbelangrijk. Het ´alleen Nederlands systeem´ leidt tot ‘adculturatie’ of ‘deculturatie’. Bij adculturatie hebben de kinderen zich totaal vereenzelvigd met de Nederlandse cultuur en gaan ze bijvoorbeeld naar Nederland om te studeren om nooit meer terug te komen. Bij ‘deculturatie’ verwerpen de kinderen beide culturen zowel de Europese als die van henzelf en je gangster, dropout is geboren.”
De oanwêzige jongeren op de konferinsje reagearje fûl op Faraclas syn ferhaal. “It is not fair how they treat us at school”, seit in famke mei lange flechten. “For the Dutchies it’s easy to get high marks, because they always hear that language at home. It would be fairer to have school in English. Then we would all be equal.” It ferhaal fan it famke slút oan by it strjibjen fan it Ministearje fan Underwiis om te stimulearjen dat mear jongeren fan Bonêre harren ferfolchstúdzje ‘yn de regio’ dogge lykas yn Amearika, of Súd-Amearika. Dat strjibjen stiet wer heaks op it Taalunie-advies foar ’90 % Nederlands’, want wat moatte je yn Kolombia of Florida mei Nederlânsk? Reynold Oleana fan it ministearje fan OC&W op Bonêre jout ta dat hjir in tsjinstridichheid sit. Hy seit der by ‘op termyn’ seker kânsen te sjen foar meartalich ûnderwiis, mar it lêste wurd dêroer is oan de steatssiktaris en fansels oan de Twadde Keamer, dêr’t gjin Bonariaan en sels gjin Antilliaan yn sit. Kultuerdeputearre Benito Dirksz is yn de Papiamintûtalige krante ‘Extra’ in stik dúdliker: Fli di ‘Taalunie’ no ta subi, of, om it yn it Nederlânsk te sizzen: ‘De Taalunie-vlieger gaat niet op’. “Us bern hawwe likefolle rjocht op memmetaal ûnderwiis as bern op oare plakken”, seit Dirksz.
It eilânbestjoer stribbet nei in bettere beskerming fan it Papiamints yn it ramt fan it Europeesk hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Ek al mei Bonêre geografysk dan wol net by Europa hearre, it eilân is sûnt fiif jier wol grûngebiet fan Nederlân en it Hânfêst jildt foar it folsleine grûngebiet fan Nederlân, sûnder útsûnderingen. As earste stap yn dy rjochting wol Dirksz te set mei it fêststellen fan in eigen taalbelied foar it eilân Bonêre. It foarbyld fan Fryslân mei trijetalige skoallen en skoal-tv mei programma’s yn eigen taal fynt de diputato tige nijsgjirrich. As it heal kin, wol Dirksz by ien fan syn kommende besites oan Nederlân ek even de Ofslútdyk oerstekke en ek de bestjoersfoarsitter fan it katolyk basisûnderwiis wol graach in kear komme. De kontakten Boneiru-Fryslân steane noch mar oan it begjin, safolle is dúdlik.