Bouwe en weune: gemeente Waadhoeke wurdt offisjeel fjouwertalich

Fan: Omrop Fryslân

In trijetalige webside mei ynformaasje yn it Biltsk, Frysk en Nederlânsk, trou-amtners dy’t minsken trouwe kinne yn it Biltsk of Stedsfrysk, meartalige ynformaasjebuordsjes yn en bûten it gemeentehûs. De jonge fúzjegemeente Waadhoeke hat de ambysje om mei ferskate praktyske maatregels de ‘unike meartalichheid’ fan Noardwest-Fryslân te behâlden én te stimulearjen. Tongersdeitejûn praat de gemeenteried oer de earste nota Taalbelied. Dizze nota wol njonken it Frysk ek it Biltsk en it Stedsfrysk stimulearje en is dêrmei op himsels al unyk.

De taalnota is ta stân kaam yn oerlis mei in taalplatfoarm, dêr’t ferskate Biltske, Fryske en Franeker organisaasjes diel fan útmeitsje, lykas it Bildts Aigene, de Afûk, it EBLT en it Genoatskap foar ut behoud fan ut Franekers. Dat platfoarm bliuwt bestean as klankboerd en advysorgaan foar de gemeente.

Ek de jongerenadvysried hat neitocht oer it taalbelied. De jongeren hawwe dêrby oanjûn dat se graach better Frysk taalûnderwiis hawwe wolle. Ek fine se dat it Frysk, Biltsk en Franekers sichtberder wêze moat yn it strjitbyld.

Eigen taal brûke

De gemeente wol mei it nije taabelied ‘fertroud, sichtber en útnûgjend’ wêze. Sprekkers fan Frysk, Biltsk of Stedsfrysk binne faak wend om har te ferbrekken yn kontakten mei oarstaligen. Waadhoeke wol mei it nije belied de ynwenners útnûgje om de eigen taal te brûken, ek yn de wat mear offisjele situaasjes.

De gemeente is de ôfrûne moannen al oan de slach gien mei it meartalige belied. Op de thússide fan Waadhoeke is in soad ynformaasje ek al yn it Biltsk beskikber. Under it kopke ‘Bouwe en weune’ stiet bygelyks ynformaasje oer ‘bestimmingsplannen, ferhuze, (fer)bouwe, welstand en ‘t kopen fan ‘n groenstrook’.

De gemeente freget fan alle meiwurkers in passive behearsking fan it Frysk. Amtners kinne yn de baas syn tiid in kursus Frysk en/of Biltsk folgje. De gemeente is sels fan doel om it Frysk, Biltsk en Franekers mear yn de gemeentlike kommunikaasje te brûken. Om it nije taalbelied hannen en fuotten te jaan wol Waadhoeke hjir sa’n 18.000 euro ekstra yn ynvestearje. Dat jild komt boppe op de subsydzjes dy’t organisaasjes as de Afûk, it Bilts Aigene en it Tomkeprojekt no al krije.

It taalbelied fan Waadhoeke giet fierder as de eigen gemeentlike organisaasje. Der is in foarnimmen om de middenstân te foarsjen fan stikkers mei it opskrift ‘Praat jo eigen taal’. Ek wol it taalplatfoarm de hoareka prikkelje om ‘meartalige menukaarten’ te meitsjen.

Erkenning foar Stedsfrysk

It is de ferwachting dat in grutte mearderheid yn de gemeenteried de nije taalnota stypje sil. Yn de ried sitte ferskate Biltkerts dy’t der by de gemeente op oantrune hawwe om gau in taalbelied fêst te stellen, sadat de aktiviteiten foar de Biltske taal ek yn de nije gemeente trochgean kinne. Dat njonken it Frysk en it Biltsk ek it Stedsfrysk yn de nota meinommen wurdt is nij. It kin net los sjoen wurde fan it krewearjen fan it Genoatskip foar ut behoud fan ut Franekers, dat tige oer dizze erkenning te sprekken is.

Koartlyn waard yn Frjentsjer in earste ‘Dach fan ut Stadsfrys’ organisearre. De Stedsfryske organisaasje tinkt nei oer it ûntwikkeljen fan in stavering foar de taal om minsken dy’t ek Stedsfrysk ‘skrieve’ wolle te helpen. Dat wurdt dien yn oparbeidzjen mei minsken út de oare seis stêden dêr’t ek Stedsfrysk praat wurdt.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *