De nije wurdlist moat lykwols net sjoen wurde as in ferplichte standert, mar as in foarkarswurdlist. Der bliuwt romte foar regionale farianten lykas Wâldfrysk en Súdwesthoeks. De list giet begjin 2015 online.
De ôfrûne tiid wie der in soad diskusje oer it oanpassen fan de stavering, mar de Steateleden fûnen dat gjin beswier. “De diskusje jout oan dat it Frysk libbet”, sei Ingrid Wagenaar fan de PvdA. De Fryske Akademy sil it Taalweb tongersdei presintearje op it Frysk filologekongres yn de Koperen Tún yn Ljouwert. Formeel moatte de Steaten der nije wike noch oer stimme, mar alle partijen binne foar.
Der binne mei-inoar in pear hûndert wurden dy’t in oare stavering krije. Dat jildt ûnder oare foar de wurden ambivalint (wurdt ambifalint), boekebeam (wurdt bûkebeam), droech (wurdt drûch) ieu (wurdt iuw), spoek (wurdt spûk), televyzje (wurdt telefyzje), útnoeging (wurdt útnûging) en ynvalide (wurdt ynfalide).
Boarne: Omrop Fryslân