Brieven fan Nynke fan Hichtum en Piter Jelles Troelstra jouwe in oandwaanlik ynsjoch yn har húshâlding

School zonder tranen – Brieven van de familie Troelstra aan Paul Geheeb, 1904-1906 is gearstald troch Sieger Vreeling, dy’t yn 2024 en 2025 as Fellow fan Tresoar ûndersyk die nei Nynke fan Hichtum.

Yn syn ûndersyk lies Vreeling de brieven dy’t Sjoukje Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) en Piter Jelles Troelstra skreaunen oan de Dútske pedagooch Paul Geheeb, direkteur fan de foarútstribjende kostskoalle yn Haubinda dêr’t harren soan Jelle twa jier ferbleau.

‘Dy earme jonge,’ tocht Vreeling geregeld by it lêzen. ‘Dan bist in jier as trettjin en sitst op in jongeskostskoalle yn Dútslân. Fier fan hûs, kenst de taal net…’

De brieven jouwe in oangripend byld fan harren opfiedingsidealen, harren soargen op harren soan Jelle en de maatskiplike ideeën fan har tiid. Se litte sjen hoe’t Nynke har soan mist, mar ek hoe’t se har twivels, sûnens, houlik en idealen mei in soad iepenheid bepraat. De korrespondinsje lit sa net allinnich in kwetsbere mem sjen, mar ek in frou mei sterke oertsjûgingen oer opfieding en minsklikens.

Vreeling foarsjocht de brieven fan taljochting en histoaryske kontekst, en ûndersocht de persoanen, plakken en ideeën dy’t deryn foarkomme. Sa ûntstiet in ynkringend portret fan in húshâlding tusken idealen en werklikheid – én in weardefolle nije blik op twa bekende Friezen.

School zonder tranen ferskynt by Uitgeverij Verloren en is fan 7 novimber ôf te krijen by de boekhannel.

Lês hjir in ynterview mei de skriuwer.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *