It Bûsboekje 2020 is de 45e edysje! It njoggende lustrum wie oanlieding foar in lytse, feestlike presintaasje op 26 augustus. It tema fan dit Bûsboekje is ‘tiid’ en wienen wy te gast by klokmakker Tjitte Talsma, Rhaladyk 17, krekt bûten Aldtsjerk. Hy sit yn 2020 35 jier yn it fak. Sjoch ek www.tjittetalsma.nl. Yn ferbân mei it lustrum organisearret it Bûsboekje in “poëzykriich”. De redaksje wol hjirmei foaral begjinnende en jonge dichters oanmoedigje om wat te dwaan mei it Frysk of in streektaal yn Fryslân. Doch mei!
De spulregels:
- it gedicht mei oer alle ûnderwerpen gean
- it moat lêsber passe op ien side yn it Bûsboekje. Dat wol sizze: maksimaal 30 rigels of 300 wurden
- It moat yn it Frysk of ien fan ‘e streektalen dy’t yn Fryslân praat wurde
- yntsjinje foardat wy de klok wer in oere tebek sette en de wintertiid begjint (op 27 oktober 03.00 oere simmertiid of 02.00 oere wintertiid)
- ynstjoere nei redaksje@busboekje.frl of op papier nei it redaksje-adres Piskhoarnedyk 3, 8912 CE, Ljouwert.
Der sil in jildpriis wêze foar de winner én publikaasje yn it Bûsboekje 2021. Fierders is der in oanmoedigingspriis foar in jonge (35 jier of jonger yn 2019) of begjinnende (mei oare wurden: hat noch nea publisearre) dichter.
Fragen binne wolkom.
In protte sukses tawinske!