Cedin, Taalsintrum Frysk

Taalsintrum FryskTaalsintrum Frysk is in ôfdieling fan CEDIN, de spesjalist foar edukative tsjinstferliening yn Noard Nederlân. De adviseurs wolle learkrêften of teams fan skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis begeliede by it ûntwikkeljen, ymplemintearjen en útfieren fan meartalich taalbelied mei in lykweardige posysje fan de Fryske taal.

Taalsintrum Frysk propagearret trijetalich ûnderwiis en hat de begelieding fan it Netwurk 3TS dat him stadichwei útwreidet. Tagelyk wol de ôfdieling de didaktyske materialen ûntwikkelje, produsearje en oanrikke dy’t ûnmisber binne om boppesteande te realisearjen. Dêrneist is it wichtich om aktiviteiten te inisearjen dy’t de Fryske ynfrastruktuer fersterkje, sa as foardrachtswedstriden en it sjongfestival foar bern.

CEDIN/Taalsintrum Frysk
Lavendelheide 21
9202 PD Drachten
T 088 0200300
E info @ taalsintrum.nl
W http://www.taalsintrum.nl/