Ynformaasje is van grut belang yn de koroanakrisis. Taal is dêrby in wichtich ynstrumint om boargers te ynformearjen oer wat der spilet. Yn ús twatalige provinsje kin dat yn it Frysk of Nederlânsk, mar ek yn in oare streektaal dy’t ús provinsje ryk is. De taal dy’tst alle dagen thús praatst en goed ferstiest.
Deputearre Sietske Poepjes is foarsitter fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD). As dielnimmer fan it NPLD is de provinsje Fryslân behelle by it meitsjen fan in koarte strip dêr’t de maatregels om de koroana-krisis hinne yn sa folle mooglik Europeeske talen te lêzen binne. De strip is makke troch de Italiaanske keunstner Fabio Vettori. Wyls is de poster al yn sa’n 29 talen en in grut tal streektalen oerset. De Fryske poster en njoggen posters mei Fryske streektalen binne no ek beskikber.
Deputearre Sietske Poepjes: “As provinsje Fryslân fine wy it wichtich dat de ynformaasje oer de koroana-krisis net allinne yn it Frysk en Nederlânsk beskikber is, mar ek yn de oare streektalen dy’t in plak yn Fryslân hawwe.”
Neist it Frysk binne bygelyks ek de streektalen Amelânsk, Biltsk en Hylpers beskikber. De posters binne ûnder oan dizze side fergees del te heljen. Gemeenten en oare (soarch)ynstellings kinne posters by de provinsje bestelle foar gebrûk yn de eigen organisaasje en gebouwen. Streektalen dy’t noch ûntbrekke, kinne by it klantkontaktsintrum fan de provinsje oanmeld wurde.
Fan: Provinsje Fryslân