Yn gearwurking mei it Baskyske Regear organisearret it Mercator Kennissintrum fan de Fryske Akademy in expert seminar mei as tema “The ethnocultural dimensions in education”. Dat sil plakfine op 24 en 25 oktober, de tongersdeis yn kongressintrum ‘It Aljemint’ (Doelestrjitte 4-6, Ljouwert) en de freeds yn Ketlik en Oranjewâld.
Der sil in ferskaat oan sprekkers út meartalige regio’s fan Europa komme. Sy sille presintaasjes jaan oer hoe’t de rol fan kultuer (sjongen, dûnsjen, sport, iten, drinken, ensafuorthinne) yn it ûnderwiis yn harren regio foarmjûn is. It seminar sil safolle mooglik in praktyske ynslach hawwe. Sa hat Mark Sheridan fan Skotlân it oer de ‘renaissance of Gaelic music’ wylst it gebrûk fan dy taal oer it generaal stûket. Roza Laptander sil fertelle oer in projekt foar nomadebern yn de Yamal Nenets regio dat der foar soargje moat dat de bern harren eigen taal en kultuer wer leare. Meiïnoar binne der sa’n 16 lêzingen te beharkjen.
It programma en it opjefteformulier binne te finen op de webside fan Mercator: www.mercator-research.eu (Ingelsktalich).
Twitter: #ESLWD13