Goudene NL-Award foar Hea! mei de reportaazje oer ‘De lêste fytser’
Omrop Fryslân hat woansdei 13 maart de Goudene NL-Award wûn. Dat is de erkenning foar de bêste radio-, televyzje- en ynternetproduksje fan de regionale omroppen. It giet om de reportaazje fan Hea!, wêryn’t de lêste dielnimmer fan de Fryske fytsalvestêde-tocht folge wurdt oant de bittere ein. De reportaazje wûn yn de kategory ‘TV Varia’ en waard dêrnei ek útroppen ta de overall winner. Omrop Fryslân wûn in twadde NL-Award yn de kategory ‘Evenementen’ mei de ferslachjouwing fan it Skûtsjesilen 2012.
De reportaazje oer ‘De lêste fytser’ is makke troch programmamakker Janko Krist en kameraman Gerko Jonker. Sy folgen oant midden yn ‘e nacht Wiebe Idsinga, de alderlêste alvestêdefytser dy’t yn Boalsert oankomme soe. Hoe dreech it ek wie, Wiebe wist net fan ophâlden en soe de einstreep helje.
Neffens de sjuery fan de NL-Awards wie de reportaazje “een prachtig voorbeeld van storytelling. Een mooi gecombineerde verhaallijn, sterk idee en prachtige beelden. Je leeft mee, je wordt er soms verdrietig van en soms vrolijk. De reportage is respectvol gemaakt.”
Janko Kirst: “De bêste fan alles! Dat hie ik nea ferwachte. Dat is dochs net normaal?! Wy wiene al in pear oeren op ‘en paad en doe kamen we by tafal dizze man tsjin. En dan blykt der in hiel moai ferhaal oan fêst te sitten fan in man dy’t net fan ophâlden wit. Letter kaam de mist der ek noch by en dan kinst prachtige bylden meitsje.”
De twadde NL-Award foar Omrop Fryslân foel yn de kategory ‘Evenementen’.Lykas alle jierren, die Omrop Fryslân ek yn 2012 yn de trije wiken fan it Skûtsjesilen ferslach fan dat evenemint. De priis is foar in gearfetting fan de radio- en televyzje-útstjoerings yn dy trije wiken, mei wedstriidferslaggen, in deistige gearfetting en de live talkshow. “Liefde voor de sport, tradities en mooie beelden hebben de jury meegesleept in deze watersport”, sa sei de sjuery.
De NL-Awards binne de jierlikse ûnderskiedings foar de bêste produksjes fan de regionale omroppen. De prizen binne, lykas foargeande jierren, útrikt op de ROOS-dagen, it kongres fan alle regionale omroppen. Omrop Fryslân wie dit jier de omrop mei de measte nominaasjes foar de NL-Awards. De oare nominearren wiene: Need op Freed mei de bruorren en susters fan Marianne Vaatstra, Buro de Vries mei de rige ‘Friezen thús yn Sweden’ en de dokumintêre fan Fryslân DOK oer Anne Zernike. Yn totaal wienen der 23 radio- en televyzjeprogramma’s nominearre, ferdield oer de kategoryen Nijs, Eftergrûn, Faria, Eveneminten, Dokumintêre en Crossmediale Produksjes.
Boarne: Omrop Fryslân