De pjutte-opfang fan Penjum, ‘De Penjumer Ulefeltsjes’ hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. De lokaasje fan Stichting Kinderopvang Friesland (SKF) wurket sûnt april 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. De liedsters jouwe oan dat sy tige bliid binne mei it beheljen fan it sertifikaat en der wiis mei binne dat sy de bern wat ekstras meijaan kinne yn har ûntwikkeling. Yn it ramt fan de sertifisearring wie it op woansdei 17 jannewaris feest. Jeannette Numan fan de SFBO hat it serifikaat mei ien fan de pjutten presintearre. Riemkje Hoogland hat dêrnei in ferhaal ferteld, mei de ferteljas oan. Foar alle âlden en bern wie der in hapke en in drankje.
Twatalichheid op De Penjumer Ulefeltsjes
Op De Penjumer Ulefeltsjes wurkje Trynke Huismans en Hester Offinga op woansdeis en freeds fan 8.15 oere oant 11.45 oere. Sy binne fêstige yn it doarpshûs fan Penjum. It twatalich belied wurdt as folget útfierd: it Frysk en it Nederlânsk wurde dúdlik fan elkoar skieden oanbean. Trynke praat altyd Frysk en Hester Nederlânsk. Fierder hawwe de liedsters in aktiviteitenoanbod, in program en in romte-oanklaaiïng dy’t de twatalige taalûntwikkeling fan de bern stimulearret. Der wurdt bygelyks songen en foarlêzen yn beide talen en der wurdt wurke mei de poppen Puk en Tomke, wêrby’t Puk Nederlânsk praat en Tomke Frysk. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.
De fisitaasjekommisje fan St. Frysktalige Berne-opfang skriuwt yn harren rapport: ‘Ik ha grutte wurdearring foar de beide liedsters. It binne echte fakfroulju! Se binne tige kreatyf yn it brûken fan de romte en fan de oanwêzige ûntwikkelingsmaterialen.’ En: ‘In Aktiviteit oer grut en lyts: der binne twa platen, ien mei in kabouter en ien mei in grutte reus. It petearke giet oer grut en lyts. De kabouter is lyts, de bern krûpe hielendal yn elkoar. De reus is grut. De bern meitsje harren hiel grut. De liedster hat in grutte tas mei grutte en lytse dingen sa as: in grutte beker, in lytse beker, in grutte handoek, in lyts doekje, in grutte lears, in learske, in echte banaan en in lyts plestik banaantsje, in grutte en lytse foarke en leppel. De plaat fan de reus komt yn de iene hoeke en fan it kabouterke yn in oare hoeke. De bern meie de dingen yn de hoepel lizze dy‘t by de reus of by de kabouter hearre. Wat soargje de liedsters hjir foar in soad taaloanbod.’
By it sertifisearringstrajekt krije De Penjumer Ulefeltsjes begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 210 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten.