Op 18 desimber is de streektaalatlas fan Fryslân ferskynd, mei gebrûk en behearsking fan de ferskate streektalen yn de Fryske streektaalgebieten. Deputearre fan provinsje Fryslân Jannewietske de Vries presintearre de atlas yn it Bilt, dêr’t de eigen streektaal tige wichtich is, sa docht bliken út it ûndersyk.
Der hat yn 2014 in enkête ûnder hast 19.000 húshâldens west. Yn it Bilt wie de respons it heechst. Fryslân hat njonken de Fryske en Nederlânske taal in grut ferskaat oan streektalen: it Biltsk, Stellingwerfsk, Amelânsk, Aastersk, Midslânsk, Westersk, Skiermûntseagersk, Hylpersk en it Stedsfrysk, yn acht farianten.
Stekproef
De streektalenatlas jout in oersjoch fan it behearsingsnivo (ferstean, prate, lêze en skriuwe) en it gebrûk fan de ferskate streektalen troch de ynwenners fan de Fryske streektaalgebieten. Dêrfoar hat de provinsje op basis fan in stekproef 18.782 enkêtes ferstjoerd nei in aselekt tal húshâldens. Der binne 5.975 brûkbere enkêtes ynfold, wêrmei’t in totale respons helle is fan 32%. Yn it Bilt (39,1%) en Hylpen (37,3%) wie de respons it heechst.
Gjin grut ferskaat yn âldens
Mei dit streektaalûndersyk binne foar it earst de streektalen fan Fryslân op de selde wize yn byld brocht. De streektaalatlas foarmet dêrmei in wichtige basis om it streektaalbelied yn de provinsje breder fuort te sterkjen. De atlas biedet in stikmannich konklúzjes. In pear foarbylden:
* It ferskil yn gebrûk fan de streektaal nei âldens is net grut. Alderein brûke it krekt wat mear as jongerein (krekt ûnder en krekt boppe de 50%);
* It gebrûk fan de streektaal ferskilt bot per streektaalgebiet. It persintaazje ynwenners dat oanjout regelmjittich oant altyd de streektaal te brûken yn it deistich libben rint fan 22% op Skiermuontseach oan 83% op it Amelân;
* Stedsfrysk wurdt it meast brûkt yn Starum en it minste yn Ljouwert.
* Yn alle streektaalgebieten wurdt de streektaal goed of hiel goed ferstien. Op it Amelân en yn it Bildt troch mear as 90% fan de befolking, Skiermuontseach skoart it leechst mei 55%.
Klik hjir foar de streektaalatlas.
Boarne: Provinsje Fryslân