Is it trijetalich ûnderwiis op De Harkema in foarbyld foar Bonêre?
In delegaasje fan de Akademia Papiamentu (koart A’PAPIA) fan it eilân Bonêre en de Antilliaanske organisaasje SPLIKA bringe fan 13 oant 15 septimber op útnoeging fan it EBLT in wurkbesite oan Fryslân om harren te ferdjipjen yn it trijetalich basisûnderwiis en de ferskate learmiddels dy’t hjirfoar brûkt wurde. De delegaasje leit de besite ôf op fersyk fan it eilânbestjoer fan Bonêre om te ûndersykjen oft it trijetalige model ek tapast wurde kinne soe op it eilân en hjirta de nedige kontakten te lizzen. It is foar it earst dat in offisjele delegaasje út Karibysk Nederlân mei dit doel in wurkbesite oan Fryslân ôfleit.
Op moandei 14 septimber sil de delegaasje it hiele moarnsskoft meidraaie op trijetalige basisskoalle ‘t Holdersnêst op De Harkema. It giet hjirby om in ynteraktive besite. De delegaasje komt net allinnich om te sjen en te harkjen, mar sil ek in gastles oer it eilân Bonêre fersoargje en fragen fan jonge Harkiten beantwurdzje. De delegaasje wurdt oanslutend op it Provinsjehûs ûntfongen troch deputearre Sietske Poepjes fan taal, kultuer en ûnderwiis en sil fierder ek kontakten lizze mei ferskate Fryske organisaasjes lykas de AFUK, it Taalsintrum Frysk fan Cedin, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân.
Op tiisdei 15 septimber folget in besite oan de Stellingwarver Schrieversronte yn Aldeberkeap en it ministearje foar Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes yn Den Haach. De wurkbesite wurdt organisearre troch koepelorganisaasje EBLT, dêr’t SPLIKA by oansletten is. SPLIKA is de koepelorganisaasje fan Papiamentupraters yn Karibysk Nederlân en Nederlân. De organisaasje bestiet op 11 septimber 25 jier en sil dat op dy dei grut fiere yn Den Haach.
Op moandeitejûn 14 septimber organisearret it EBLT by Tresoar om 19.30 oere in iepenbiere Frysk-Karibyske jûn oer meartaligens. De delegaasje fan Bonêre sil hjir mear fertelle oer de bysûndere situaasje op it meartalige eilân, dat sûnt 10 oktober 2010 in ‘gewoane’ mar ek bysûndere Nederlânske gemeente is. Undersiker Nienke Boomstra sil har ûndersyk ‘Meer taal, meer kans’ nei lêsbefoardering by jonge Antilliaanske bern yn Nederlân presintearje. Oanslutend is der romte foar diskusje en neipetear.
Neffens de Akademia Papiamentu stiet it Papiamentu op Bonêre ûnder druk sûnt it eilân in Nederlânske gemeente wurden is. Op oantrunen fan it Ministearje fan Ûnderwiis is it tal lesoeren yn it Papiamintsk werombrocht en ferfongen troch oeren Nederlânsk. Mar is dat wol de bêste strategy op in eilân fier fan Den Haach dêr’t it Nederlânsk foar fierwei de measte bern in poerfrjemde taal is? De Akademia Papiamentu wol dêrom besjen hoe’t, ek binnen it lân Nederlân, in trijetalige skoalle funksjonearret en wat dêrfoar nedich is. De diskusje is tige aktueel op it eilân. Ek op de Dia de Boneiru, de feestdei fan it eilân, waard koartlyn drok diskussearre oer de posysje fan de Papiamentu. In soad minsken op it eilân binne min te sprekken oer in advys fan de Taalunie om op skoalle mear Nederlânsk te jaan en minder Papiamentu, omdat de earste taal ‘ûntwikkelingstaal’ wêze soe en de twadde taal allinnich mar wearde hawwe soe foar de ‘identiteit’.
Njonken it trijetalich ûnderwiis is de delegaasje fan Bonêre ek benijd nei de wurking fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Bonêre is sûnt 2010 in yntegraal ûnderdiel fan Nederlân wurden, wêrtroch it Hânfêst automatysk ek foar Bonêre jildt. A’PAPIA en SPLIKA hawwe dêrom de Ried fan Europa en it Ryk frege om it Papiamentu ta te heakjen oan de yn it ramt fan it Hânfêst te beskermjen talen.