Deputearre Poepjes lokwinsket 200ste twatalige bernedeiferbliuw

foto-1-ria-maurits-betanket-deputearre-en-wethalderOp freed 11 novimber wie deputearre Sietske Poepjes yn Stiens om te fieren dat 200 pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân in Frysk- of twatalich belied ynfierd hawwe of dêrmei dwaande binne. De 200e lokaasje is bernedeiferbliuw De Zeeparels yn Stiens, fan Kids First COP Groep. Op alle 200 lokaasjes sette liedsters en management har yn ‘e mande mei it Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) yn foar de twatalige ûntwikkeling fan de bern.

Poepjes is wiis mei dit risseltaat en hat it tiim fan De Zeeparels en alle oare belutsenen op 11 novimber lokwinske.

Yn har praatsje joech Poepjes oan dat twataligens net allinne goed is foar de taalûntwikkeling fan bern. It kreëarret neffens har ek in iepen blik nei de wrâld. It is in misfetting dat jo mar loyaal wêze kinne oan ien kultuer; twatalige minsken litte sjen dat jo jo yn ferskillende talen en kultueren thús fiele kinne.

It fierdere program op 11 novimber waard ynfolle troch Marinella Orioni, skriuwster fan it boek “Meertalig opvoeden, uw kind zal u dankbaar zijn”. Sy komplimintearre de liedsters fan de twatalige berne-opfang foar de kennis dy’t sy hawwe fan de meartaligens by jonge bern. Ut resint ûndersyk komt nei foarren dat hja har dêrmei echt ûnderskiede fan profesjonals yn de rest fan it lân.

It pake & beppe (en oare grutte freonen)-boekje

As lêste ûnderdiel fan it program waard it earste eksimplaar fan “It pake & beppe (en oare grutte freonen)-boekje” oerlange oan Meint de Haan (pake en teffens âld-wethâlder fan Ljouwerteradiel). “It pake & beppe (en oare grutte freonen)-boekje” is spesjaal makke foar pakes en beppes, mar kin ek brûkt wurde troch oare folwoeksen freonen fan jonge bern, lykas de oppas, in omke of de buorfrou. Alle bern dy’t op in twatalige opfang of pjutteboartersplak sitte, kinne sa’n boekje krije om oan har eigen pake, beppe of grutte freon te jaan. It boekje stiet fol mei aardige taalaktiviteiten dy’t se meielkoar dwaan kinne. Tryntsje Nauta hat de foto’s foar dit boekje fersoarge.

Skiednis twatalige berne-opfang

Wol hiel tafallich is dat de 200e twatalige lokaasje ûnder ien dak sit mei ien fan de earsten: pjutteboartersplak De Oesterkes. Dat is oprjochte yn de jierren ‘90. Yn dy tiid fûn in tal memmen en heiten dat der te min omtinken wie foar it Frysk yn it pjuttewurk. Sy rjochten dêrom yn 1989 Stifting Pjutteboartersplak op. De stifting tilde oant ein jierren ‘90 ferskate Frysktalige pjutteboartersplakken fan ‘e grûn. Yn 2003 is de stifting – mei subsydzje fan Provinsje Fryslân – ûntwikkele ta it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. It SFBO begeliedt organisaasjes foar berne-opfang by it ynfieren fan in twatalich belied, jout kursussen en docht (tapast) ûndersyk.

Sûnt dy tiid nimt it tal Frysk- en twatalige foarskoalske ynstellingen bot ta. Wienen it der yn 2003 noch 11, yn 2010 gie it al om 100, oant 200 yn 2016. It giet om lokaasjes fan ferskate oanbieders, fan grutte organisaasjes foar berne-opfang oant partikuliere, lokale pjutteboartersplakken. Kids First COP Groep, dêr’t De Zeeparels en De Oesterkes by hearre, hat ûnderwilens mar leafst 43 lokaasjes dy’t twatalich wurkje, of dwaande binne it twatalich wurkjen yn te fieren. Oare grutte oanbieders binne St. Kinderopvang Friesland (37 twatalige lokaasjes), Kinderwoud (17), Tiko Kinderopvang (13) en Skik (11). Lytsere organisaasjes as St. Peuterspeelzalen Gaasterlân-Sleat, Thuis-bij-Thea, Doomijn en Smallsteps hawwe elk tusken de 2 en 7 twatalige lokaasjes. 42 twatalige lokaasjes binne fan in lokale, partikuliere oanbieder.

Net alle lokaasjes dy’t troch de jierren hinne sertifisearre binne foar harren twatalige belied binne trouwens noch iepen; troch krimp yn de sektor hawwe 18 lokaasjes de doarren slute moatten.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *