Duo-lêzing oer Gerbrandy en de biografy yn de regionale skiedskriuwing

De Fryske Akademy, it Friesch Dagblad en Tresoar organisearje op woansdeitejûn 26 novimber fan 19.45-21.30 oere (seal iepen: 19.30 oere) in duo-lêzing by Tresoar (Bûterhoeke 1, Ljouwert). Sprekkers binne prof. dr. mr. Cees Fasseur en prof. dr. Hans Renders oer de biografy fan Pieter Sjoerds Gerbrandy en de biografyske metoade yn regionale skiedskriuwing.

Pieter Sjoerds Gerbrandy (1885-1961) wie al rillegau bekend as in skerp, mar eigensinnich man. Dochs slagge er der yn om as oarlochspremier yn de Twadde Wrâldkriich lieding te jaan oan de Nederlânske regearing yn Londen. Oer dizze yntrigearjend Fryske ARP-politikus skreaun Cees Fasseur okkerdeis de biografy Eigen meester, niemands knecht.

Fasseur sil yn syn lêzing yngean op de Fryske eftergrûn fan Gerbrandy en oer syn jierren yn Londen. Hans Renders, direkteur fan it Biografie Instituut, sprekt oer de tanimmende populêriteit fan de biografy yn de skiedskriuwing en hoe lang’t dat noch sa bliuwt. Nei ôfrin is der tiid foar in diskusje mei de sprekkers ûnder lieding fan Marijn Molema (histoarikus 19de/20ste ieu, Fryske Akademy) en Henk van der Laan (sjoernalist Friesch Dagblad).

Cees Fasseur en Hans Renders
Prof dr. mr. Cees Fasseur is emearitus heechlearaar Nederlânsk-Yndonesyske betrekkings oan de Universiteit Leiden en waard bekend troch syn twadielige biografy fan keninginne Wilhelmina. Dit jier ferskynde syn biografy fan Pieter Sjoerds Gerbrandy, Eigen meester, niemands knecht.

Prof. dr. Hans Renders is heechlearaar Skiednis en Teory fan de Biografy oan de Rijksuniversiteit Groningen en direkteur fan Biografie Instituut dêr. Hy skreaun biografyen fan Jan Hanlo en Jan Campert en is no dwaande mei de biografy fan Theo van Doesburg.

Tagong en oanmelding
Oanmelding foar dizze duo-lêzing fia: baly @ fryske-akademy.nl
Tagongsprijs: € 5,00 (kontant te beteljen oan de seal)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *