Op 5 novimber 2022 is it presys 30 jier lyn dat Nederlân it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden ûndertekene hat. It Europeesk Hânfêst is it fûnemint ûnder it gebrûk fan it Frysk yn bygelyks ûnderwiis, rjochtbank en de iepenbiere romte. Mar is dat fûnemint driuwsân of in dûnsflier?
Sprekkers
Bestjoerskundige Prof. dr. Heinrich Winter (Fakulteit Rjochtsgeleardheid, Ryksuniversiteit Grins) analysearret de takomstbestindigens en de stevichheid fan it Europeesk Hânfêst. Hat dat nei 30 jier noch genôch besteansrjocht as ynstrumint ta beskerming en befoardering fan de Fryske taal?
Underwiisekspert Albert Walsweer (Lektoraat Taalgebrûk en learen, NHL Stenden) reagearret op de lêzing fan Heinrich Winter. Hy giet neier yn op de wurking fan it Europeesk Hânfêst yn de ûnderwiispraktyk.
Programma
DINGtiid, it ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, hjit jo op sneon 5 novimber 2022 om 10.00 oere fan herte wolkom op de DINGtiid-lêzing yn Grand Café De Koperen Tuin (Prinsentuin 1 yn Ljouwert).
It programma set om 10.30 oere útein. Wy slute om 12.30 oere ôf mei middeisiten.
• Wolkom troch Jan Koster (DINGtiid)
• Lêzing Heinrich Winter
• Reaksje Albert Walsweer
• Plenêre diskusje
• Middeisiten
Oanmelde
Graach foar freed 21 oktober 2022 oanmelde fia dit online oanmeldformulier.