Foar it earst binne yn Ljouwert studinten ôfstudearre oan de trijetalige pabo. Se binne spesjaal oplaat foar it wurkjen op trijetalige basisskoallen. Dat binne skoallen dêr’t Frysk, Ingelsk en Nederlânsk alle trije brûkt wurde as fiertaal yn de klas by fakken lykas wrâldoriïntaasje en rekkenjen. Der binne fyftich fan sokke basisskoallen yn Fryslân.
Omdat der hege easken steld wurde oan de taalfeardichheid fan ûnderwizers op trijetalige skoallen, binne Stenden Hogeschool en NHL Hogeschool yn 2011 begûn mei in spesjale trijetalige pabû-stream, dy’t studinten neist har reguliere pabû-oplieding folgje kinne. Op dy oplieding leare studinten folle better Ingelsk en Frysk as op in reguliere pabû. Se krije sels ek fakken yn it Frysk en Ingelsk en meitsje in ekskurzje nei Wales om ideeën foar meartalich ûnderwiis op te dwaan en om har Ingelsk yn ‘e praktyk te bringen.
Fan de alve studinten dy’t yn dat earste jier sitte, studearje woansdei 17 septimber 2014 by Stenden de earste acht ôf. Se krije dan ek it sertifikaat trijetalich ûnderwiis.