Earste website mei .frl online

Foto: It Nijs
De earste website fan de wrâld mei de Fryske ynternetdomeinnamme .frl is tiisdei online gien. Om healve fiven hinne is de website www.nic.frl tagonklik foar de hiele wrâld. Fryslân is de earste provinsje dy’t in eigen ekstinsje hat op ynternet. .frl moat in begryp wurde, lykas .nl of .com.

Yn juny wie deputearre Sietske Poepjes noch op in kongres yn London oer it formele beslút foar it tastean fan .frl. Neffens de provinsje is it fan grut belang dat Fryslân no in eigen plakje hat op it wrâldwide web.

De webside www.nic.frl is net in tige spannende webstee. Op dizze webside ha Friezen en Fryske bedriuwen de mooglikheid om as earste in url mei .frl fêst te lizzen. de webstee is eigendom fan in saneamd hostingbedriuw.

Boarne: It Nijs

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *