Yntergroepen binne ynformele kommisjes fan it EP mei in beskaat ûnderwerp as binende faktor. De EP-leden yn sa’n kommisje hawwe yntinsyf kontakt mei organisaasjes en lobbyisten dy’t mei dat ûnderwerp dwaande binne. In yntergroep kin allinne mar oprjochte wurde en bestean bliuwe as er de stipe kriget fan de grutte partijen yn it EP. Boppedat moatte op syn minst trije fraksjes yn it EP leden leverje wolle.
Der binne de kommende fiif jier 28 yntergroepen. De namme fan de hjir behannele kommisje is tenei de ‘Yntergroep tradisjonele nasjonale minderheden, grûnwetlike regio’s en streektalen’. De namme wie oant no ta ‘Yntergroep foar tradisjonele minderheden, nasjonale mienskippen en talen’.
Boarne: It Nijs