Europeeske Dei fan de Talen yn Ljouwert

fan: EUNIC

Yn it ramt fan de Europeeske Dei fan de Talen op woansdei 26 septimber 2018 binne jo fan herte wolkom yn it Lân fan Taal yn Ljouwert!

EUNIC Nederland organisearret tegearre mei de Europeeske Kommisje, Lân fan Taal, it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Afûk speak-dating, koarte sesjes fan 5 minuten om jo yn ‘e kunde komme te litten mei ferskate talen. Jo kinne gewoan oanskowe by de dosint fan de taal dêr’t jo mear fan witte wolle.

Talen dy’t ûnder oaren oanbean wurde binne: Biltsk, Noard-Frysk, Nenetsk, Papiamentu, Skiermûntseagersk, Gebeartetaal, Welshk, Tsjechysk, Kroätysk, Italiaansk, Poalsk, Spaansk, Eastenryks-Dútsk, Roemeensk, Malteesk, Katalaansk, Hongaarsk, Frânsk, Finsk, Turksk en Retoromaansk.

Wêr: Talepaviljoen MeM en Gysbert Japicxseal Tresoar
Wannear: 26 septimber fan 18.30 – 20.00 oere trochgeand
Tagong: fergees

Dit persbericht is ook beschikbaar in het Nederlands op de website van het Ceske Centrum/Tjechisch cultureel centrum. 

Yn koarte en ynteraktive lessen fan fiif minuten reitsje jo op in aardige manier yn de kunde mei in tal fan de oanbeane Europeeske talen. Mei Ljouwert as Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 is it oanbod dit jier spesjaal útwreide mei in oantal Europeeske minderheidstalen.

De jûn wurdt organisearre troch EUNIC, it gearwurkingsferbân fan nasjonale kulturele ynstituten yn gearwurking mei de Europeeske Kommisje, Lân fan Taal, Europeesk Buro foar Lytse Talen en Afûk. De Europeeske Dei fan de Talen is in Europeesk inisjatyf foar behâld fan kultureel erfguod, de befoardering fan talenûnderwiis en ynterkultureel begrip.

Sûnt 2001 organisearret EUNIC de Europeeske Dei fan de Talen yn Nederlân foar learlingen fan de middelbere skoallen. Ek dit jier krije lokale skoallen yn Ljouwert de kâns om mei harren learlingen op de middei fan 26 septimber oan it programma mei te dwaan. Op deselfde dei wurde fanút it Ekspertisesintrum Vakdidactiek Noord troch de dosinte-opliedings fan de Rijksuniversiteit Groningen en NHL Stenden Hogeschool taal- en ynhâldsrjochte wurksjops foar dosinten Dútsk, Frânsk, en Spaansk organisearre.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *