Europeeske Kommisje wegert har foar minderheidstalen yn te setten

Ferline wike hat de Europeeske Kommisje in inisjatyf fan de FUEN, in grutte Europeeske organisaasje fan minderheden en sprekkers fan minderheidstalen fersmiten. It inisjatyf hie as doel om de beskerming fan minderheidstalen, lykas it Frysk, te ferbetterjen en diskriminaasje fan minderheden yn Europa tsjin te gean.

De FUEN wurket al mear as twa jier oan it inisjatyf, dat stipe wurdt troch in grut oantal regio’s en organisaasjes. It boargerinisjatyf is offisjeel yntsjinne troch in kommisje dy’t bestiet út pommeranten dy’t sels in minderheidstaal sprekke. De Fuen is tige bliid dat se yn Fryslân deputearre Jannewietske de Vries ree fûn hawwe om harren foarstel twa moannen lyn mei yn te tsjinjen, mei út namme fan it Europeeske talenetwurk NPLD, wêr’t hja foarsitter fan is. Dêrneist sitte yn de kommisje de minister-presidinten Durnwalder fan de provinsje Súdtirol yn Italië en Lambertz fan de Dútsktalige regio yn België, minister Spoorendonk fan de Dútske dielstaat Sleeswyk-Holstein, de eardere minister Kelemen fan Roemenië, Hege Fertsjintwurdiger Inzko fan Bosnië en de foarsitter fan de FUEN, Hans Heinrich Hansen.

De FUEN is mei har inisjatyf net oer ien nacht iis gien. Sy hawwe mei in groep juridyske eksperts tige krekt sjoen wêr de Europeeske wetjouwing ferbettere wurde kin en moat. It resultaat is in pakket fan maatregels, it Minority SafePack. Dêryn freget de FUEN om ûnderwiis en kultuer yn de minderheidstalen te stypjen, om mear omtinken foar minderheden yn it regionaal belied fan de EU, om diskriminaasje fan taalminderheden te ferbieden en om regionale stipe foar kulturele aktiviteiten net langer ûnder de drege prosedueres foar Europeeske steatsstipe falle te litten.

Neffens de brief fan de Europeeske Kommisje kin guon maatregels wol útfierd wurde, mar se skriuwe net hokker wol en hokker net. De FUEN lêst yn de ôfwizing ûnwil fan de kant fan de Europeeske Kommisje om har überhaupt mei de minderheden-tematyk yn Europa dwaande te hâlden.

En sy stean dêryn net allinne. Nei’t it antwurd fan de Kommisje bekend waard, hawwe op ferskillende plakken yn Europa politisy protestearre tsjin it beslút. De eardere Deenske minister Eva Kjer-Hansen bygelyks neamde it “in bizar beslút fan de Europeeske Kommisje”. Ek de kommisje foar minderheden yn it Europeesk Parlemint, de Intergroup, hat al in gearkomste belein.

Tongersdei 26 septimber organisearret de FUEN yn it Europeeske Parlemint yn Brussel in iepen diskusje om oer de ferfolchstappen te sprekken. Lykas Hans Heinrich Hansen, foarsitter fan de FUEN, skriuwt: “Wy, de minderheden yn Europa, binne loyale boargers en wy akseptearje net dat de Europeeske Kommisje ús as lytse bern behannelet. Wy binne fan miening dat minderheden ek rjochten hawwe en dat wy dy rjochten ek brûke kinne moatte.”

Mear ynformaasje: https://www.fuen.org/news/single/article/european-commission-rejects-citizens-initiative-for-the-minorities-reasoning-is-incomprehensible/ en https://www.fuen.org/news/single/article/invitation-open-discussion-in-the-european-parliament/

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *