Op sneon 6 juny 2015 is it feest op bernedeiferbliuw De Tovervis yn Drachten. It bernedeiferbliuw fan organisaasje Smallsteps wurket sûnt 2011 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. De Tovervis hat dat trajekt no ôfrûne en dêrmei it sertifikaat ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Op 6 juny wurdt it sertifikaat op it Simmerfeest oan de liedsters oerlange. Foar de bern binne der ferskate aktiviteiten organisearre. Karin de Liedjesmamma komt, de bern kinne sminke wurde, sy kinne blombakjes fersiere, der is in brobbeltsjeblaasmasine, in piratesirkwy, ensfh. Elk dy’t ynteresearre is, is wolkom om op it Simmerfeest te sjen.
Provinsjaal ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it twatalich belied ynfierd hat, stiet boppe de 195 en is noch altyd groeiende.
Bernedeiferbliuw De Tovervis
De Tovervis heart by de organisaasje Smallsteps. Smallsteps biedt berne-opfang ûnder oaren yn Fryslân, mar ek yn oare parten fan it lân. Op bernedeiferbliuw De Tovervis wurdt mei in twatalich belied wurke. Dat hâldt yn dat der op alle groepen op in bewuste manier mei it Frysk en it Nederlânsk omgongen wurdt. Guon liedsters prate konsekwint Frysk tsjin alle bern en guon liedsters prate konsekwint Nederlânsk. De beide talen hawwe ek in dúdlik plak yn aktiviteiten as foarlêzen en sjongen.
De fisitaasjekommisje seit yn har rapport it folgjende: ‘De liedsters binne tige konsekwint yn harren taalgebrûk likegoed nei de bern ta as nei de âlders.’ En: ‘De liedsters hawwe in soad each en soarch foar de bern en ha der slach fan om se by de ferskate aktiviteiten te belûken. Dat dogge se op in rêstige wize troch beneamen, freegjen, fertellen ensfh.’
Sertifisearring
Sûnt 2003 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de Stifting Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.
It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk.