Feriening Freonen fan Omrop Fryslân

Freonen-fan-Omrop-Fryslân

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FOF), is de ‘Stipersferieniging’ fan de Omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske Omrop foar radio en telefyzje. De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellings en aktiviteiten.
De FOF hâldt kontakt mei har leden fia it ledeblêd Each en Ear, dat trije kear yn it jier útkomt. Se organisearje ekskurzjes yn de maitiid, lêzings, in jiergearkomste yn maart en in kulturele jûn yn ‘e hjerst. Ek organisearje de Freonen ekskurzjes mei in besite oan in rjochtstreeks radio- of telefyzjeprogramma.

 

Mear ynformaasje fine jo hjir.

Kontakt
Jo kinne op ferskate wizen kontakt opnimme mei de FOF, bygelyks fia de mail:
freonen @ omropfryslan.nl

Of troch in briefke te stjoeren nei:
Feriening Freonen fan Omrop Fryslân
Postbus 7600,
8903 JP Ljouwert