Feriening Frysk Underwiis (FFU)

Feriening Frysk UnderwiisDe Feriening Frysk Underwiis is oprjochte yn 1987. Doe waard betocht dat it 50 jier lyn wie dat it Frysk yn it primêr ûnderwiis tastien waard. Yn dy tiid waard ornearre dat it Frysk yn it ûnderwiis noch altiten net in soad foarstelde en dat der noch hiel wat dien wurde moast om it Frysk as taal in folweardich en oan it Hollânsk lykweardich plak te jaan yn it ûnderwiis.

Dêrta is doe de F.F.U. oprjochte om de krêften te bondeljen fan alle belanghawwenden by en belangstellenden foar folweardich Frysk ûnderwiis. Fan pjutteboartersplak oant en mei heger ûnderwiis. Dat kinne wêze: âlden, ûnderwizenden, skoallen, skoalbestjoerders, studinten en alle oare belanghawwenden en belangstellenden.

As jo ek fan betinken binne dat der mear dien wurde moat oan it Frysk yn it ûnderwiis, stypje ús dan troch lid te wurden fan de feriening. Foar € 10,- jiers wurde jo dan op ‘e hichte holden mei de aktiviteiten fan ‘e F.F.U. en fansels kinne jo dêr dan ek oan meidwaan.

Wat wy neistribje, komt koartsein del op:

1. Ferplichte Frysk yn de foarskoalske opfang. Frysktalige bern hearre yn Fryslân yn it Frysk opheind te wurden. Der binne oare mindertallegebieten, dêr’t soks al hiel normaal is (bgl. Wales).
2. Lykweardige kearndoelen foar de Fryske taal en kultuer yn it basis-, fuortset  en spesjaal ûnderwiis.
3. In fiks part fan de oare fakken of leargebieten moat yn it basis-, fuortset en spesjaal ûnderwiis yn it Frysk jûn wurde.
4. It Frysk heart in ferplichte eksamenfak yn it fuortset ûnderwiis te wurden.
5. De provinsje Fryslân moat de sizzenskip krije oer alle Fryskeigen learynhâlden.
6. It Frysk moat in funksje-eask wurde yn it basisûnderwiis en de foarskoalske perioade (Wet Kinderopvang). Ferplichte neiskoalling foar learkrêften en liedsters. Alle ynspekteurs dy’t Fryslân as wurkgebiet hawwe, moatte Fryskkundich wurde op in goed nivo.
7. It mûnling en skriftlik brûken fan it Frysk yn it beropsûnderwiis troch learlingen/studinten en learaars/dosinten heart in rjocht te wurden en gjin geunst te wêzen.
8. It Frysk heart foar in fiks part funksjoneel binnen de eigen organisaasje fan de skoalle en yn de kontakten mei oaren yn de provinsje mûnling en skriftlik brûkt te wurden. Dat moat in bekostigings- of subsydzjebetingst wurde. Buordsjes, paadwizers en opskriften yn de skoallen: Frysk- of dûbeltalich.
9. Migranten dy’t in permaninte ferbliuwsfergunning oanfreegje en yn Fryslân wenje en wurkje wolle, moatte it Frysk op syn minst ferstean en lêzen leare.
10. Skoalbegelieders dy’t yn Fryslân wenje en/of wurkje, moatte it Frysk op in ridlik nivo ek prate en skriuwe kinne.

Webside: www.ffu-frl.eu.
Kontakt: ffupost