Fan ‘woordfinale ‘sk’- cluster in het Fries’ oant ‘Sokssawat yn it Hilgelânsk’
It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 6de Dei fan de Fryske Taalkunde. De dei wurdt holden yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert, fan 9.30-17.00 oere. Elk dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk, of dêryn ynteresearre is, is fan herten wolkom. Opjaan foar dizze dei kin by de Fryske Akademy.
10 lêzings
De dei telt in tsiental lêzings mei sprekkers út binnen- en bûtenlân. Sa sil Joke Weening (Rijksuniversiteit Groningen/Fryske Akademy) it hawwe oer ‘De uitspraak van de woord-finale /sk/-cluster in het Fries’. Lennert de Backer fan de Universiteit fan Gint syn lêzing hat as tema ‘The stabilization of the system of strong verbs in the West Germanic languages’. In ynlieding oer ‘Multilingual Secondary Education in Fryslân’ komt fan Jurjen Kingma (Rijksuniversiteit Groningen/Fryske Akademy). Hikkesluter fan de dei is Jarich Hoekstra fan de Christian-Albrechts-Universität fan Kiel mei de bydrage: ‘Sokssawat yn it Hilgelânsk’.
Programma en gearfettings
It folsleine programma fan de 6de Dei fan de Fryske Taalkunde is op de website fan de Fryske Akademy te finen, krektlyk as de gearfettings fan de lêzings: http://www.fryske-akademy.nl/aginda-aktueel/dei-fan-de-fryske-taalkunde/2013/dei-fan-de-fryske-taalkunde-2013/