Fersen frege foar FeRstival 2012

Taalsintrum FryskBêste dichters/skriuwers,

It FeRstival – de foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortset ûnderwiis – belibbet fan’t jier de 70ste edysje. Wat in tradysje! It Frysk is hip, cool… (of watfoar wurden ek mar brûkt wurde), oars soenen net in 150tal pubers it toaniel opstappe om in gedicht foar te dragen!

Fryske skriuwers/dichters hawwe altyd wichtige pylders west fan it FeRstival, om’t dy spesjaal gedichten makken dy’t gaadlik wiene om foar te dragen. Sûnder har krewearjen hie der noait genôch oanbod west foar de leeftyd 12 – 18.

Dus, sa as alle jierren doch ik it fersyk om (in) fers(en) te leverjen foar it FeRstival. Wurde de fersen geskikt achte, dan sille dy bondele wurde yn it boekje FeRsefariaasje. Dat sil nei de skoallen stjoerd wurde en dêr kinne de meidoggers dan in fers út kieze.

Wy ha trije skiften:
– Starters – 1ste klasse basisfoarming, dus 12/13 jier;
– Trochsetters – 2de en 3de klassers, dus 14 en 15 jier;
– Toppers – 4de klassers, MBOers en HBOers, 16, 17 jier en âlder.

De groep Starters is de grutste, dus ha wy dêr ek de measte gedichten foar nedich. De útdaging is om hjoeddeiske tematiken te ferwurkjen en út it perspektyf fan de jongeren wei te skriuwen. De groep Toppers kin al hiel wat oan en kieze faak moderne poëzij.
Hoe dan ek, it is in prachtige manier om jongeren yn kontakt te bringen mei hjoeddeiske poëzij.

De fergoeding is € 75 as de kommisje in fers útkiest. Dy kar sil dien wurde troch Gerda van der Wijk, Tsjerk Veenstra en Douwe Kootstra. Foar alle dúdlikens: sy witte net wa’t de skriuwers binne at se de fersen beoardielje.

Graach bydrage(s) foar 1 juny o.s. nei:
FeRstival / J. Bangma, Lavendelheide 21, 9202 PD  Drachten óf
j.bangma @ cedin.nl

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.