FFU: Frysk earste taal yn ûnderwiis

 

De Feriening Frysk Ûnderwiis (FFU) hat yn in iepen brief oan it provinsjebestjoer in krityske reaksje jûn op de provinsjale taalnota ‘Grinzen oer’. Dy reaksje is yn al syn hear en fear te lêzen op de side fan literêr tydskrift ensafh. Foar in fierder en konkreter útwurkjen fan de nota is yn it brief op in rychje setten wat de FFU allegearre nedich achtet om ‘it Frysk te hoedzjen en te noedzjen’:


1. It Frysk moat de earste taal wurde yn Fryslân yn it hiele ûnderwiisdomein.

2. It Frysk moat in ferplichte (eksamen)fak wurde foar alle learlingen yn Fryslân en inferplichte ynstruksjetaal (by guon oare fakken) yn it algemien fo
armjend ûnderwiis (foarskoalsk ûnderrjocht, basis- en fuortset ûnderwiis, spesjaal [fuortset] ûnderwiis) en it beropsûnderwiis (mbû en hbû). De foarderings fan de learlingen yn de Fryske taal en de Fryske skiednis moat folge wurde mei in noarmearre, falide en betrouber learlingfolch- en toets(ings)systeem.

3. De kearndoelen en eksameneasken foar de Fryske taal, kultuer en skiednis moatte lykweardich wêze oan de kearndoelen en eksameneasken foar it Hollânsk (Nederlânsk) en de Hollânske (Nederlânske) skiednis. It foech dêroer moat by de provinsje Fryslân lizze.

4. Op it nivo fan de skoalle as organisaasje moat it Frysk yntern en ekstern mûnling en skriftlik folweardich (oan it Hollânsk) funksjonearje (bgl. yn de administraasje en korrespondinsje, op buordsjes en paadwizers, opskriften, brievepapier ensfh.) Dy ‘sichtberenseask’ moat ien fan de bekostigings- en subsydzjebetingsten wêze.

5. De Fryske learare-opliedings foar it basis- en fuortset ûnderwiis moatte twa- of trijetalich funksjonearje, mei in plak foar it Frysk as fak en as ynstruksjetaal dat net minder is as dat fan it Hollânsk (Nederlânsk) en it Ingelsk. De dosinten/oplieders dy’t it Frysk as ynstruksjetaal brûke by oare fakken as it fak Frysk, moatte it Frysk sels ek op in goed nivo behearskje (Afûk-diploma C of ferlykber nivo as ûndergrins).

6. De learmiddels foar it twa- of trijetalige basis- en fuortset ûnderwiis (ynklusyf it spesjaal ûnderwiis) moatte it Frysk yntegraal in op syn minst lykweardich plak jaan oan dat fan it Hollânsk en it Ingelsk (oanpart 35% of mear). De trije talen yn dy yntegrale learmiddels moatte ûnderling systematysk ferlike wurde op ferskillen en oerienkomsten.

7. Alle ûnderwiisynspekteurs en ûnderwiisbegelieders dy’t (ek) yn Fryslân har wurk dogge, moatte it Frysk aktyf mûnling en skriftlik op in foldwaande nivo behearskje en in goede kennisse hawwe fan de Fryske kultuer en skiednis (Afûk-diploma C of ferlykber nivo as ûndergrins).

8. Nije ynkommelingen/migranten yn Fryslân moatte it Frysk op syn minst ferstean en lêzen leare en dat oantoane kinne (bgl. troch it op in foldwaande nivo ôflizzen fan noarmearre, falide en betroubere toetsen).

Boarne: http://itnijs.nl/2013/01/ffu-frysk-earste-taal-yn-underwiis/?mc=

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *