Finale Liet 2012 yn fiver fan Ljouwerter Prinsetún

De finale fan it Fryske sjongfestival Liet 2012 is dit jier op foar it earst yn de Ljouwerter Prinsetún, om krekt te wêzen op in poadium yn de fiver fan de tún. Dit is mooglik tanksij de gearwurking tusken Stichting Liet ‘91 en Befrijdingsfestival Fryslân. It Fryske sjongfestival begjint om 18.00 oere jûns op de tiid dat de oare programma-ûnderdielen yn de Prinsetún ôfrûn binne. It is ek foar it earst dat it Fryske sjongfestival op 5 maaie hâlden wurdt.
Yn de finale fan Liet 2012 stean dit jier alve formaasjes yn ferskate muzikale stilen. Der sit jong talint by, mar ek formaasjes mei muzikanten mei mear ûnderfining. Alle dielnimmers sjonge dit jier yn it Frysk. De folgjende alve bands steane yn de finale fan Liet 2012 op it poadium:

* Carla de Wal mei it nûmer Kom ris tichterby
* The Crab Groove Alliance mei it nûmer De wei kwyt
* Frjemdling mei it nûmer Rûzige fierten
* Jan Dirk van der Meulen mei it nûmer Broer en sus
* Klif mei it nûmer As de leafde winkt
* Minstrels mei it nûmer Grutte Pier
* Mosk mei it nûmer Bona
* Sake mei it nûmer Skimerlampe
* Sjaak Weiland mei it nûmer Earste leafde
* Het struikelblok mei it nûmer Gewoan opnij
* Yldau mei it nûmer Fjoer

Der is ek in optreden fan Janna Eijer, de sjongeres út Jobbegea dy´t yn novimber 2011 Liet International yn it Italiaanske Udine wûn. De alve dielnimmers wurde beoardiele troch in faksjuery. Op de finale fan Liet 2012 bestiet dy út: Esther van Dijk, Denise Rivera, Remon de Jong, Hylco van der Zwaag en Anne Zwaga (foarsitter). Kultuerwethâlder Isabelle Diks fan de gemeente Ljouwert sil de priis útrikke. Njonken de sjuerypriis hat Liet 2012 ek de Ivan Pelpublykspriis. It is oan it yn de Prinsetún oanwêzige publyk om út te meitsjen hokker dielnimmer dy priis nei hûs meinimme mei. Liet 2012 wurdt troch Omrop Fryslân opnommen foar radio en tv. De presintaasje fan it sjongfestival is yn hannen fan Marijke Roskam.

Liet is it sjongfestival foar it bêste nije liet yn it Frysk of in Fryske streektaal, sa’t dat live spile wurdt, en wurdt dit jier foar de 21ste kear organisearre. De winner fan Liet 2012 mei Fryslân yn desimber fertsjintwurdigje op Liet International yn de Noard-Spaanske stêd Gijón/Xixón yn de streek Asturië. Asturië is sûnt 2010 partner fan Stichting Liet International en sil dit jier it sjongfestival foar it earst op it Ibearysk skiereilân organisearje. Yn Fryslân wurdt Liet 2012 stipe troch de provinsje Fryslân en Kulturele Haadstêd Ljouwert/Leeuwarden 2018.

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.

* Copy This Password *

* Type Or Paste Password Here *