Finale Liet wer op Befrijdingsfestival Fryslân

LJOUWERT, 23 jannewaris 2013

De finale fan Liet, it festival foar minderheidstalen yn Fryslân, sil yn 2013 wer plakfine op 5 maaie yn Ljouwert, ûnder it Befrijdingsfestival. De bestjoeren fan beide organisaasjes sjogge mei tefredenheid werom op de earste mienskiplike edysje fan 2012 en kontinuearje harren gearwurking.

Dizze wike begjint de saneamde “call for songs” foar Liet 2013. Muzikanten kinne harren mei in eigen skreaun nûmer yn it Frysk, as ek in Fryske streektaal, oanmelde by Stifting Liet ’91. De slutingsdatum is 1 maart 2013. De sjuery fan 2013 sil útde oanmeldings in foarseleksje meitsje. Yn totaal is der romte foar 15 akts dy’t trochgean nei in seleksje-omgong op 14 april. Ferskate (ferrassende) akts hawwe yntusken al oanjûn belangstelling te hawwen (sjoch foar de oanmeldingsproseduere www.liet.nl).

Yvonne Bleize, foarsitter fan Stifting Liet ’91 seit oer dizze nije edysje fan Liet: “De latte komt alle jierren wer heger te lizzen, foaral om’t de winner de kâns krijt om op in ynternasjonaal poadium te stean. Dêrom dat wy no kieze foar in seleksjemiddei, wêrnei’t wy 10 akts trochgean litte nei de finale. Dat moat echt, krekt as foarich jier, in moai feest wurde yn de Prinsetún.” De winner fan Liet 2012 sil yn desimber 2013 meidwaan oan de finale fan Liet International op Korsika.

De faksjuery, dit jier foarsitten troch Sjoerd Bootsma, bestiet fierder út Wim Brons, Grytsje Schaaf, Douwe Dijkstra en Adri de Boer.

Boarne: www.liet.nl

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.