De Steatefraksje fan de FNP stelt op’e nij fragen oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten oer it Frysk by de Noardlike Meldkeamer. By de grutte brân yn Boazum hat op’e nij bliken dien dat 112 gjin Frysk ferstiet, wêrtroch de boarger yn need net goed holpen wurdt.
De FNP wiist der op dat begjin dit jier al tasizzingen dien binne dat de belsintra fan de oerheid tarist wurde soene om wol Frysk te ferstean en te sprekken. Korpsbehearder Crone fan de nije Fryske feilichheidsregio is ferantwurdlik foar de organisaasje.
Fragensteller Annigje Toering wol no witte wat der konkreet dien is, wat de ôfspraken binne en wannear’t de Fryske boarger resultaten sjen kin.
Neffens de FNP bewiist it foarbyld fan Boazum mar wer ris dat der sa gefaarlike sitewaasjes yn omstannichheden fan libben en dea ûntstean kinne. De oerheid is mei de nije Noardlike Meldkeamer noch hieltyd net klear foar in adekwate kommunikaasje mei de Fryske boarger. De partij freget him ôf oft der ek ekskuzes oanbean wurde sille.
Boarne: www.fnp.nl