Nei oanlieding fan oanhâldende soargen oer de takomst fan Omrop Fryslân stjoerde foarsitter Andrys de Blaauw fan de Freonen fan Omrop Fryslân ús it folgjende brânbrief:
* Witte jim, dat steatssekretaris Dekker de selsstannige provinsjale, regionale omroppen de nekke omdraaie wol?
* Witte jim, dat dêrta yn maaie al in plan op tafel lizze moat?
* Witte jim, dat in groep minsken, ûnder lieding fan Jack de Vries (in Fries, in Lemster nota bene!), dat plan al hast yn kalk en semint hat?
* Witte jim, dat dat betsjut dat alle omroppen yn klusters yndield wurde sille?
* Witte jim, dat dat foar ús Omrop Fryslân betsjut dat wy yn in noardlik ferbân fierder moatte?
* Witte jim, dat der dan fan in selsstannige Omrop Fryslân gjin sprake mear is?!
* Witte jim, dat dat betsjut dat dan fan Grins út, dêr’t de haadsetel komt, it belied wer bepaald wurdt?
* Witte jim (noch), dat dat eartiids ek sa wie (RONO)?!
* Witte jim, dat der dan ien direkteur boppe dy trije omroppen komt?
* Witte jim (noch), dat we eartiids, nei de snie-winter fan ’79, mei elkoar fûnen dat der in aparte, selsstannige, Frysk-talige stjoerder komme moast, mei in eigen gebou en in eigen direksje?
* Witte jim, dat troch dizze nije opset foar ús Omrop in besuniging fan 1,3 miljoen Euro op ‘e planke leit?
* Witte jim, dat dat ynhâldt dat der sa’n 20 (!) wurkplakken by de Omrop ferdwine moatte?
* Witte jim, dat der yn in – oannommen – moasje yn de Twadde Keamer útsprutsen is dat der rjocht dien wurde moat oan de spesjale rol fan Omrop Fryslân, as it giet om it garandearjen fan de Fryske taal?
* Witte jim, dat yn de bestjoersôfspraken tusken Ryk en provinsje Fryslân (“Bestuursafspraak Friese Taal en Cultuur 2013 – 2018”) én yn it Europeesk Hânfest foar Regionale en Minderheidstalen fêstlein is dat minderheidstalen boarge wurde sille troch in spesifyk, aktyf en befoarderjend belied fan de oerheid?
* Witte jim, dat Europa ús lân al in tal kearen op ‘e fingers tikke hat, om ’t al jierren fersomme is om te rapportearjen hoe’t it der foar stiet mei it Frysk?
* Witte jim, dat de ‘kommisje Hoekstra’ (Twadde Keamer) yn 2013 ek hiel helder wie, rjochting steatssekretaris Dekker: -“De bijzondere positie van de Friese taal moet ook vertaald worden naar een bijzonder beleid t.a.v. Friestalig publiek media-aanbod”. -“Er dient een volwaardig programma-aanbod in de Friese taal te zijn”. –“Voor dit Friestalig media-aanbod is een aparte bepaling van het budget noodzakelijk”.
* Witte jim dat yn de MEDIA-WET fan Dekker it Frysk nét, ik werhelje, nét boarge is??
* Witte jim, dat de feriening Freonen fan Omrop Fryslân net foar neat yn 1981 oprjochte is? Wy binne de stipers fan ús Omrop, mar ek in aksjepartij! Sa ha wy in pear jier lyn, mei de Ried fan de Fryske Beweging, ek in petysje op poaten set om de Omrop ekstra stipe te jaan. En sa komme wy ek no wer yn ’t gewear: FRIEZEN, WURD WEKKER!! KOM YN AKSJE!!
* Witte jim, dat oan ’t no ta gjin inkele politike partij yn Fryslân yn ’t gewear kaam is?! Blykber witte se fan neat, of fine sy it net ynteressant! En dat yn de oanrin nei de provinsjale ferkiezings, op 18 maart………………??!!
Andrys de Blaauw, foarsitter Freonen fan Omrop Fryslân
Dit stik is op 11 maart 2015 ek publisearre as in ‘Te Gast’ yn de Leeuwarder Courant.