Hast njoggentich prosint fan de âlden yn Fryslân is fan betinken dat meartalich grutbringen in positive ynfloed hat op de ûntwikkeling fan in bern. Se sjogge it gebrûk fan sawol it Frysk as it Nederlânsk as in tafoeging op de algemiene ûntwikkeling fan harren bern. Ek binne se fan betinken dat bern mei in meartalige opfieding makliker in oare taal leare en mear taalgefoel ûntwikkelje.
Dit docht bliken út ûndersyk fan de provinsje Fryslân ûnder mear as 1700 âlden yn Fryslân. It ûndersyk is in ferfolch op in ûndersyk yn 2008/2009. Doe krigen âlden dy’t oanjefte diene fan de berte fan harren bern by de gemeente in saneamd ‘taaltaske’ mei. Dêryn siet ynformaasje oer meartaligens en in fragelist oer harren taalhâlding en de taalsituaasje thús.
De bern út it ûndersyk fan 2008/2009 sitte no yn de groepen 1 en 2. Yn dit ferfolchûndersyk is âlden op ‘e nij frege nei de taalsituaasje thús. Der is ek sjoen nei de opfettingen fan âlden oer meartalich grutbringen en meartalich ûnderwiis en nei it taalgebrûk fan de bern, thús en op skoalle. Op dizze wize kin de taalsituaasje fan bern folge wurde. Ek wurdt dúdlik hoe’t it gebrûk fan in taal him ûnder ferskate fazen yn it libben ûntwikkelet.
Ut it ûndersyk docht bliken dat 96 % fan de âlden harren bern grutbringt yn de taal dy’t se by de berte foar eagen hiene. Yn it gefal fan in meartalige opfieding wurdt yn 58% fan de gefallen it Frysk as fiertaal brûkt, by 40% is dat it Nederlânsk.
Meartalich ûnderwiis
Njoggentich prosint fan de âlden wie foar it ynfoljen fan de fragelist bekend mei meartalich ûnderwiis. Neffens 60% stiet der in meartalige skoalle by harren yn ‘e buert. Fan alle âlden mei in soan/dochter op in meartalige skoalle seit mar 15% dat dit in bewuste kar west hat. De reden om in skoalle te kiezen hat benammen te krijen mei it al of net Kristlike karakter fan de skoalle en oft de skoalle ticht by hûs is. Fan alle âlden mei in soan/dochter op in meartalige skoalle is 87% posityf oer dizze foarm fan ûnderwiis.
Yn it ûndersyk is sjoen oft it nei skoalle gean fan ynfloed is op de taalkar thús fan bern. Yn rom trijekwart fan de gefallen blykt dit net it gefal te wêzen. Yn de oare gefallen jout 18% fan de âlden oan dat harren soan of dochter mear Nederlânsk praat sûnt hy/sy nei skoalle giet, en by 4% is it bern mear Frysk begûn te praten.
In grut part fan de âlden jout oan it gebrûk fan sawol it Frysk as it Nederlânsk yn de opfang, pjutte-ûnderwiis en basisûnderwiis fan grut belang te finen (75%). Sechstich prosint fan de âlden soe ek graach it Ingelsk as sprektaal yn it basisûnderwiis sjen. Twatalich fuortset ûnderwiis (Nederlânsk/Ingelsk) wurdt troch santich prosint fan de âlden as wichtich sjoen. Trijetalich fuortset ûnderwiis, mei it Frysk derby, fynt krekt mear as de helte fan de âlden fan belang foar harren bern.
Frysktalige boekjes en filmkes
Fierder is yn it ûndersyk sjoen nei Frysktalige media foar bern en it gebrûk dêrfan. Fan alle âlden jout 45% oan dat harren bern wol ris Frysktalige boekjes lêst. 42% sjocht wol ris nei Frysktalige telefyzje of filmkes. Trettjin prosint fan de bern lêst noait Fryske boekjes en sjocht gjin Frysktalige telefyzje of filmkes. It grutste part fan de âlden is tefreden oer it oanbod Frysktalige boekjes. Oer it oanbod Frysktalige telefyzje en filmkes is mar in tredde fan de âlden tefreden. Seisenfjirtich prosint fan de âlden fynt dat der te min oanbod is op telefyzje en 24% fynt dat der te min Frysktalige filmkes op ynternet te finen binne.
Nij belied
In 2016 komt deryn nije nota oer taal en kultuer. De útkomsten fan it ûndersyk wurde brûkt foar it nije belied oer de trochgeande learline Frysk en it meartalich ûnderwiis.
Boarne: Provinsje Fryslân