De foarstelde staveringsoanpassing sil it wurdbyld fan it Frysk foar 99,93% yntakt litte. Dy yndikaasje jout de Fryske Akademy op basis fan berekkeningen fan de wurdfrekwinsje.
De Fryske Akademy krige yn 2011 de opdracht fan de Provinsje Fryslân foar it ûntwikkeljen fan in wurdlist dêr’t de foarkarsfoarmen foar it skreaune Frysk yn fêstlein binne, in nije staveringshifker, in wurdboekportaal en in automatyske oersethelp. As Provinsjale Steaten (PS) ein 2014 in posityf beslút oer it pakket nimme, sil it begjin 2015 op it webportaal Taalweb Frysk beskikber komme. Sa kriget de taalbrûker eigentiidsk digitaal skriuwark, dêr’t men Fryske teksten yn de krekte stavering mei opstelle kin.
Gemiddeld op elke twa à trije A4’kes kriget ien wurd in oare skriuwwize
Mei it pakket is op advys fan de Fryske Akademy in lytse staveringsoanpassing anneks, dêr’t Provinsjale Steaten yn april 2013 unanym mei ynstimd hawwe. Dy oanpassing wie nedich om de staveringsregels en hoe’t wurden yn ’e praktyk stavere wurde, tenei wer oerienkomme te litten. Dat beslút late lykwols ta ûnrêst yn ’e literêr-kulturele wrâld en ek by guon yn it ûnderwiisfjild en de frisistyk. Goed hûndert Friezen hawwe yn juny 2013 in oprop dien oan PS om de stavering dochs net te feroarjen. De staveringsoanpassing soe neffens de sân opstellers fan de oprop it besteande wurdbyld te bot oantaaste en it staverjen dêrmei dreger meitsje.
“Unfryske keunsttaal” feroaret sa’n 0,07% fan it wurdbyld
De sifers fan de Fryske Akademy jouwe lykwols in oar byld. De regeloanpassing hat beheinde gefolgen foar de wenstige staveringspraktyk; der feroarje 332 fan de 83.000 wurden fan wurdbyld yn de Wurdlist Frysk. Mar om in better oardiel te jaan fan wizige wurdbylden troch dizze staveringsoanpassing moat nei it feitlike taalgebrûk sjoen wurde. By de wizige wurden sitte in pear dy’t mear brûkt wurde (û.o. droech/drûch, ieu/iuw, útnoeging/útnûging, televyzje/telefyzje) en in tal dy’t net sa frekwint binne (û.o. koetsebei/kûtsebei, haboes/habûs).
Om in yndikaasje te krijen fan it persintaazje wizigingen op basis fan de wurdfrekwinsje (hoe faak oft de wurden brûkt wurde yn ’e praktyk), is de Taaldatabank (TDB) fan de Fryske Akademy rieplachte, in wurdargyf mei sa’n 25 miljoen wurden út it skreaune Frysk. Sa’n 8 miljoen fan dy wurden komme út teksten fan nei 1980 en binne skreaun yn de hjoeddeiske stavering. As men de frekwinsjes fan ’e grûnwurden mei harren gearstallingen en ôfliedingen optelt, docht bliken dat mei-inoar 0,07% fan ’e 8 miljoen wurden mei de nije beregeling in oare skriuwwize krije. Tapast op de praktyk hâldt dat yn dat gemiddeld op elke twa à trije A4’kes in wurd wizigje sil. In lytse stekproef mei teksten fan û.o. Omrop Fryslân, It Nijs, De Moanne en Ensafh befêstiget dat byld.
Neffens guon kritikasters soe de Fryske Akademy mei de Wurdlist Frysk in fan boppen ôf opleine “ûntrochtochte, ûnwurkbere en ûnfryske keunsttaal” (Pieter Breuker, 24 april 2014) ûntwikkelje; “de bêste manier om minsken dy’t noch Frysk skriuwe fan har eigen taal te ferfrjemdzjen” (Friesch Dagblad, 25 oktober 2014). Yn ’e praktyk slút de Wurdlist lykwols fierhinne oan by it hjoeddeiske skreaune Frysk. De Fryske Akademy hat him by syn wurkwize basearre op hoe’t de Fryske taal brûkt wurdt en hat krekt de oansluting socht by de deistige skriuwpraktyk. Op ’e website fan ’e Fryske Akademy wurdt dat oan ’e hân fan in foarbyldtekst yllustrearre.
Fragen en antwurden
De Fryske Akademy hat op syn website de wichtichste fragen en antwurden dy’t der binne oer Taalweb Frysk en de staveringsoanpassing op in rige set. Sjoch hjir.