Frysk leare mei online kursus foar soarchprofessionals

Fotobureau Hoge Noorden

Om de soarch yn Fryslân goed ôf te stimmen op de Fryske soarchfreger stimulearret de Afûk mei it projekt Frysk yn ’e soarch de soarchprofessional om de Fryske taal te brûken. Foar soarchprofessionals dy’t de taal noch net fersteane is der no in fergeze digitale yntroduksjekursus Fries in de zorg beskikber. Yn 6 lessen kin de soarchprofessional yn eigen tiid en op eigen tempo in begjin meitsje mei it learen fan de Fryske taal. Mei ûnderwerpen lykas it lichem, klachten útlizze en sûnens en previnsje is de kursus yn it bysûnder geskikt foar elkenien dy’t yn de soarch- of wolwêzenssektor wurket.

Taalgebrûk en kommunikaasje binne fan grut belang yn ’e soarch. Troch pasjinten harren memmetaal brûke te litten, kin dat ekstra foardiel opleverje: de soarchfreger kin him/har better uterje en wit makliker de goede wurden te finen. Sa komt der dus mear en bettere ynformaasje op tafel. Dêrneist fersterket it brûken fan de memmetaal de fertrouwensbân tusken soarchfreger en soarchferliener.

 

De earste kursisten út it MCL wei hawwe harren ûnderwilens oanmeld. ‘Goede kommunikaasje en oanslute by de pasjint stiet by ús foarop’, sa seit Frits Mostert, kommunikaasje-adviseur by it Medisch Centrum Leeuwarden. ‘In soad fan ús pasjinten hawwe it Frysk as memmetaal en wy fernimme dat it harren goeddocht om de eigen taal brûke te kinnen, minsken fertelle makliker wat der oan ’e hân is en wat de klachten binne. Dêr kinne wy ús foardiel mei dwaan mei de soarch dy’t wy leverje. Wy hawwe de digitale kursus Fries in de zorg dêrom by ús meiwurkers ûnder de oandacht brocht en nimme dy kursus ek op yn ús oanbod foar nije meiwurkers.’

 

Ek de kampanje 11huisartsen, in inisjatyf fan de Friese Huisartsen Vereniging en de provinsje Fryslân, biedt de kursus oan, oan húsdokters dy’t yn Fryslân komme wolle te wurkjen. ‘Húsdokters dy’t yn Fryslân komme te wurkjen, wolle graach leare om it Frysk te ferstean’, seit Hendriekje van der Meer, projektlieder fan de kampanje 11huisartsen. ‘Wannear’t it giet om emoasjes of gefoelige dingen, dan drukke de Friezen harren dochs it bêste út yn it Frysk. Dêrom fasilitearje wy nijkommers yn Fryslân graach om de digitale kursus Fries in de zorg te folgjen.’

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *