Leksikograaf Anne Dykstra fan de Fryske Akademy hat kontakt mei Google om it Frysk op GoogleTranslate te krijen. Elkenien dy’t knap Frysk skriuwe kin, kin dêrby helpe troch nei translate.google.com/community te gean en dêr Ingelske wurden en sinnen oer te setten yn geef en gongber Frysk.
Mei geef en gongber wurdt hjir bedoeld it Frysk sa’t wy dat gewoanwei yn kranten, tydskriften, boeken en websiden as dy fan It Nijs, Ensafh en De Moanne tsjinkomme, want teksten út dat soarte fan boarnen sille mooglik it faakst oersetten wurde op GoogleTranslate. Mar it is net nedich om by elk wurd nei te tinken oft it no wol geef en gongber is of net. Wês wol wach op hollanismen lykas ‘sich’, ‘hun’, ‘niks’, ‘noadich’ en ‘steeds’.
Finkje op translate.google.com/community ‘Frisian’ en ‘English’ oan, en it kin heve. Wa’t net sa gau in goede oersetting betinke kin, kin fierder gean troch op ‘skip’ te klikken.
Ien op ien
De oersettingen moatte sa ien op ien mooglik wêze. ‘Literêr’ oersetten is útdruklik net de bedoeling, dêr kin in automatyske oersetter úteinlik net folle mei. It is fan grut belang dat der sa min mooglik typflaters makke wurde. Sjoch de tekst dêrom earst noch even nei, foar op ‘submit’ te klikken.
Anne Dykstra hopet op safolle mooglik meiwurking: “Op dit stuit binne der yn in relatyf koarte tiid al mear as 500 oersettingen by Google ynkaam. Google is dêr hiel wiis mei, mar se wolle graach noch folle mear hawwe.”
Njonken de oersettingen fan de crowd, wurdt op de Fryske Akademy in troch Google spesjaal útsochte set fan wurden, sinnen en útdrukkingen fan it Ingelsk oerset nei it Frysk.
Ferlet fan teksten
Ferlet fan teksten
Der is ek driuwend ferlet fan teksten dy’t en yn it Frysk, en yn it Ingelsk skreaun binne. Wa’t sokke teksten hat en se beskikber stelle wol foar GoogleTranslate, kin se stjoere nei adykstra@fryske-akademy.nl. Op dat e-mailadres kinne minsken ek terjochte foar fragen oer it beskikber stellen fan teksten.