Frysk op skoalle – In bernerjocht

Demonstrearje mei op 22 desimber yn Ljouwert

Mear as tritich jier lyn, in heal minskelibben al, mochten alle Fryske bern foar it earst op de legere skoalle wat oer har eigen taal leare. En mear as tweintich jier lyn, in hiele generaasje lyn al, mochten alle Fryske bern op de middelbere skoalle wat opstekke oer har eigen taal. Dat it fak Frysk ferplichte oanbean wurde moast wie in hoopfolle ûntjouwing, dêr’t de mear as 350.000 Frysksprekkers yn de provinsje Fryslân út opmeitsje mochten dat yn Nederlân it rjocht op ûnderwiis yn it Frysk tenei serieus oppakt wurde soe. Earder hie dat ûnderrjocht ommers mar sa’n spultsje west fan hjir wat, dêr in bytsje, en alles op basis fan frijwillichheid en it entûsjasme fan de inkeling.

Mar anno 2016 is der gjin reden mear foar optimisme oer it Frysk ûnderwiis. In deibegjin kin it net mear neamd wurde: wilens is it nacht yn ’e nane. Frysk leare op skoalle, it is by op syn heechst in oerke yn ’e wike bleaun. De measte masters wolle wol, mar kinne te min. It komt foar dat ûnbrûkbere lesmiddels jierrenlang dochs brûkt wurde moatte. It komt foar dat lessen bestean út it sjen nei in fideootsje. It komt hieltyd mear foar dat skoallen gebrûk meitsje fan de mooglikheid ûntheffing te freegjen fan de ferplichting om Frysk ûnderwiis te jaan – en dy samar krije fan de Provinsje. Unheffing of net, yn beide gefallen lit de ûnderwiisynspeksje it Frysk oan ’e kant fan ’e dyk lizze. Jawis, der is in Wet op it basisûnderwiis, der binne folsleine kearndoelen foar it fak Frysk, wat betsjut dat bern it as se it ûnderwiis ferlitte it Frysk sprekke, lêze en skriuwe kinne; der is in hânfêst foar beskerming fan minderheidstalen dêr’t it rjocht op ûnderwiis helder yn ferankere is. Mei de politike mûle sit it meast wol goed, mar it binne konkrete politike dieden dêr’t op wachte wurdt.

Wierlik, effektyf Frysk ûnderwiis is foar de Frysksprekkende taalminderheid yn Nederlân ommers in minskerjocht. Wierlik en effektyf Frysk ûnderwiis is ek in bernerjocht. In rjocht dat, op ’t heden en altyd al, âlden en bern allyk ûntkeard wurdt troch de Nederlânske steat en de Provinsje Fryslân. Wa of wat makket risselwaasje om it yndividueel-minsklike én maatskiplike probleem fan it Fryske analfabetisme werklik oan te pakken? Us multykulturele ideaal is omslein yn it omkearde, nammentlik fan taaldiversiteit nei in assimilaasje-ideology: trochinoar 90 oant 95 persint Nederlânsk, wat Ingelsk en sa’n 2 persint Frysk yn it basisûnderwiis. Frysktalige learlingen wurde troch it ûnderwiis ferballe út har eigen taal.

It wurdt tiid om sjen en hearre te litten dat der in ein komme moat oan dy beskamsume sitewaasje, in lân ûnweardich dat graach altyd en oeral foaroan stiet om te striden foar minskerjochten. Wy wolle op tongersdei 22 desimber dêrom mei in demonstraasje yn Ljouwert oan de polityk en de befolking fan Fryslân net inkeld sjen litte dat wy ús taal de muoite wurdich fine om noed foar te stean. Wy wolle ek en foaral derop ta dat ús bern lang om let it rjocht krije sille dat wy noait hân hawwe: it rjocht op wierliken en effektyf ûnderwiis yn it Frysk. It giet om mear oeren, middels en minsken; om mear earmslach foar it Frysk op trijetalige skoallen; om it planmjittich en mei oertsjûging tawurkjen nei in dúdlik better plak foar it ûnderwiis fan en yn it Frysk.

Op 22 desimber om 19.00 oere sille wy byinoar komme op it Saailân yn Ljouwert, om fan dêr yn optocht troch de stêd te gean. Elkenien is fan herte útnoege om mei te dwaan, hoe mear minsken, hoe better.

Frysk op skoalle – in bernerjocht!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *