Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK)

Frysk Ynternasjonaal Kontakt is in feriening fan entûsjaste jonge minsken dy’t nijsgjirrich binne nei oare kultueren en dy’t hâlde fan reizgjen. It FYK leit him ta op it byinoar bringen fan jongerein fan minderheidskultueren yn Europa.
As FYK’er kinst hiel Europa troch reizgje en komst op plakken dêr’st miskien nea west hast, bygelyks de Kasjoeben, Sorben, Raetoromanen, Vlach, Katalanen of Bretonnen.

FYK’ers geane op reis, meitsje ynternasjonaal freonen, leare fan oare kultueren en gebrûken, en drage sa by oan de ûnderlinge begryp en bining tusken befolkingsgroepen yn Europa. Derneist stribbet it FYK ek nei de ûntjouwing fan de Fryske jongerein en de bewustwurding fan syn eigen taal, kultuer en posysje as minderheid.

It FYK jout dy de mooglikheid om de grins oer te gean mei it Frysk en oare minderheden te moetsjen. Sa ferbredest dyn kennis oer minderheden, kultuer, talen en polityk op in hiele leuke, avontuerlike manier.

Is it FYK wat foar dy?

  • Do wolst mei it Frysk de grinzen oer
  • Do bist ynteressearre yn oare talen en kultueren
  • Do wolst dyn eigen ideeën en kultuer mei oaren diele
  • Do wolst kennis opdwaan en ferbreedzje
  • Do reizgest graach foar net al te folle jild troch Europa
  • Do bist tusken de 18 en 30 jier âld

Webside: www.fyk.frl

Kontakt: foarsitter@fyk.nl