Stifting Omrop Fryslân

Postadres:
Postbus 7600
8903 JP Ljouwert
T: 058 – 2997799

W: www.omropfryslan.nl


Omrop Fryslân is in sterk merk, fan betsjutting foar de Fryske mienskip as medium dat de kultuer en de mienskipssin yn Fryslân fersterket. De missie fan Omrop Fryslân is: Omrop Fryslân wol yn it eigen gebiet it liedend mediabedriuw wêze en midden yn de Fryske mienskip stean.

Stifting Omrop Fryslân is de publike regionale radio- en televyzjestjoerder yn Fryslân. It bedriuw is yn 1988 as selsstannich radiostasjon ûntstien. Fanwegen de status fan it Frysk as twadde rykstaal, makket Omrop Fryslân ek dokumintêres en skoaltelevyzjeprogramma’s foar de lanlike publike omrop. Sûnt 1994 makket Omrop Fryslân regionale televyzje. Sûnt 2000 beskikt de Omrop oer in website. Omrop Fryslân Reklame soarget foar de ferkeap fan reklameromte op de eigen stjoerders. Omrop Fryslân is dêrmei in multimediabedriuw. Sûnt 2002 hat de Omrop in bestjoersstruktuer mei in Ried fan Kommissarissen, in programmabelied bepalend orgaan (PBO) en in statutêr direkteur as einige en algemiene bestjoerder. De ûnôfhinklikheid fan de (haad)redaksje wurdt yn in redaksjestatút garandearre.

Omrop Fryslân stiet foar de ambysje om it liedend ynformaasjesintrum fan Fryslân te wêzen. De namme ‘Omrop Fryslân hâldt yn’: regionaal werkenber, aktueel, ûnôfhinklik, betrouber, tagonklik, ûnderhâldend en divers. En fansels: Frysk en fan belang en ynteressant foar elk diel fan Fryslân en foar alle Friezen. Mar Omrop Fryslân is ek it poadium foar maatskiplike diskusje yn dizze provinsje en belutsen by en ûnderdiel fan it deistige Fryske libben. Dat blykt ek út de fiertaal yn de programma’s: it Frysk. In publike omrop is gjin ynstitút foar taalbefoardering, mar Omrop Fryslân is wol ien fan de wichtichste aktoaren yn it belied ta en behâld en befoardering fan dizze taal.

De regionale omrop fan Fryslân is ien fan de bêst beharke en besjoene regionale publike stasjons yn Nederlân. Omrop Fryslân Radio is op ôfstân merklieder yn de provinsje. Hjirûnder yn it koart in tal kearnsifers fan Omrop Fryslân.
* 135 minsken yn fêste tsjinst, 115,9 FTE
* 135 freelance-meiwurkers
* jieromset fan 15,1 miljoen
* ynkomsten út de reklame 2,4 miljoen
* 24 oeren radio deis
* 24 oeren ynternetradio
* 1,5 oeren regionale televyzje deis

* deiberik radio gemiddeld 23 %
* deiberik televyzje gemiddeld 23 %
* wikeberik radio 35%
* wikeberik televyzje 50 %