Fryske beweging: meartalige meldkeamers

De Ried fan de Fryske Beweging wol dat de meldkeamers, dy’t tillefoantsjes krije fan minsken út Fryslân dy’t help nedich binne, yn de praktyk folslein meartalich (Frysk én Nederlânsk) wurkje kinne. De Ried (RFFB) hat dêrta, op fersyk fan boargemaster Crone sels, op in rychje setten wat dêrfoar nedich is. It brief mei de oanbefellings komt nei de reboelje dy’t der al in stikmannich kear west hat, dat nei oanlieding fan klachten oer it minne taalbelied fan de meldkeamer. It bestjoer fan de Ried hat in petear mei Crone, foarsitter fan de feilichheidsregio, hân en op in rychje setten hoe’t yn de takomst nije ynsidinten foarkommen wurde kinne.


De RFFB hat dêrby advys ynwûn fan oare helptsjinsten út oare meartalige regio’s yn Europa: it gewest Brussel, Wales en de lidsteaten België en Switserlân. Ek binne de útgongspunten fan de nije Wet Gebruik Friese taal brûkt om dúdlik te meitsjen hoe’t de meldkeamers foldwaan kinne oan in goede meartalige kommunikaasje mei de boargers. It advys komt del op trije wichtige punten foar in goed taalbelied troch de meldkeamer:
– twatalige kommunikaasje troch de helptsjinsten sels (webside, sosjale media, ensfh.)
– meartalige ‘operators’ of eventueel in meartalich karmenu; de minsken dy’t de tillefoan oannimme moatte daliks al dúdlik meitsje dat sawol Frysk as Nederlânsk praat wurde kin;
– yn de oplieding en it winnen fan nije minsken dúdlike taal-funksje-easken.

Crone sil mei it brief yn petear mei minister Opstelten, sa is tasein oan de Ried.

Boarne: It Nijs

Reagearje

Your email address will not be published. Please enter your name, email and a comment.